Wetterskip: Slûs Teakesyl foldocht net oan feilichheidseasken

25 mrt 2021 - 10:24

De ynlitstûs by Teakesyl foldocht net mear oan de wetlike feilichheidseasken. Dat meldt it Wetterskip. De slûs moat opknapt wurde. Dat kostet mear as ien miljoen euro.

Foto: Wetterskip

De slûs leit flakby it Woudagemaal op De Lemmer. Mei de skowen ticht keart de slûs it Iselmarwetter.

Neffens it wetterskip is de slûs 'ûnmisber' om yn drûge perioaden genôch wetter yn de Fryske marren en sleatten te hâlden. Ekstreme drûchte komt hieltyd faker foar.

Drûchlizzing

It wetterskip meldt dat der gjin akút feilichheidsrisiko is. It opknapwurk begjint nije wike. Under oare de beide skowen wurde ferfong, sadat de slûs op ôfstân betsjinne wurde kin, en betonwurk wurdt opkalefatere. Dêrfoar is it nedich om de slûs hielendal drûch te lizzen.

It renovaasjewurk soarget net foar risiko's foar de feilichheid fan de wetterkearing, meldt it wetterskip. It wurk wurdt dien nei it stoarmseizoen, en foar de simmer. Dat is de perioade dat it measte wetter ynlitten wurde kinne moat. Dan soe it wurk net útfierd wurde kinne.

De Lemmer en Starum

Salang't it ûnderhâld duorret, kin der neffens it wetterskip genôch Iselmarwetter de provinsje ynlitten wurde, troch de Teroelsterkolk op De Lemmer en it Hooglandgemaal yn Starum.

It wurk moat ein maaie klear wêze.

Trefwurden: 
wetterskip slûs Teakesyl
(Advertinsje)
(Advertinsje)