Omrop TIP: Keatsers stride om Omropbokaal by Mik ‘m deryn

27 mrt 2021 - 07:00

Nei in penaltykompetysje foar de fuotballers en in kuorbalkompetysje organisearret Omrop Fryslân fan 27 maart ôf in bysûndere kompetysje foar acht haadklassepartoeren út it keatsen. Omrop Fryslân wol mei dy wedstriden sjen litte dat corona net alles stil leit.

Foto: Omrop Fryslân

De opdracht foar de teams liket ienfâldich, mar ferget in goede technyk. Alle partoeren meie twa kear fiif ballen opslaan en de bal yn in spesykûpe mikke. De skoares wurde notearre en de teams dy't de measte punten ha, meie de finale spylje.

De partoeren dy't de kompetysje iepenje binne Haye Jan Nicolai, Jelte Visser en Evert Pieter Tolsma en it partoer fan Bauke Triemstra, Pieter Jan Plat en Sjoerd de Jong.

Folgje de striid fan 27 maart ôf alle wiken yn Sneon yn Fryslân.

(Advertinsje)
(Advertinsje)