Trije jier lang ûndersyk nei bokashi as grûnferbetterder smyt gjin hurde konklúzjes op

Trije jier lang ha fiif melkfeehâlders yn it noardeasten fan Fryslân ûndersyk dien nei bokashi as boaiemferbetterder. De resultaten fan de proef wurde tongersdei presintearre. Hurde konklúzjes binne dreech, mar it is de muoite wurdich om dermei troch te setten, seit Rinze Fokkema fan it Nordwin College.
Bokashi © Omrop Fryslân
Bokashi is in spesjale, yn Japan betochte wize om organysk materiaal te fermintearjen, sadat it brûkt wurde kin om de boaiem te ferbetterjen. "Je kinne it it bêst ferlykje mei kuil", seit Fokkema. Hy is fan it Nordwin College, ien fan de partijen dy't by de proef belutsen wienen. "By kuil bringe je grien ôffal yn in bulte, je dogge dêr wat middels by, lykas kalk, en dan slute je it luchtticht ôf. In oar fermintearre produkt, dat we út de keuken kenne, is soerkoal."
De boeren fierden de proeven út op ferskate soarten grûnstroken. "Op it iene proefstrookje waard bokashi útriden, op it oare jarre en op it tredde strookje neat."

Gjin hurde konklúzjes

De resultaten fan de proef wurde tongersdei presintearre op in sympoasium. "We hienen ferwachte dat it gehalte fan organyske stof behoarlik omheech gean soe", seit Fokkema, "omdat it in fermintearre produkt is dat je útride. Mar yn de praktyk sjogge we dy ferskillen net sa. We sjogge wol wat ferskil yn produksje, mar net dat we dêr hiel hurde konklúzjes oan ferbine kinne."
Neffens Fokkema is it lykwols wol de muoite wurdich om dermei troch te setten. "It is in prachtige manier om yn de regio út te finen hoe't de gemeente en it Wetterskip mei grienôffal omgean kin. It soe moai wêze as we dêr in bestimming foar fine kinne by de boeren."
Foar it sympoasium, dat tongersdei om 10.00 oere úteinset, ha mear as 125 minsken har oanmeld. Dat kin noch hieltyd troch in mailtsje te stjoeren nei F.Tadema@nordwincollege.nl.