Soargen by ried oer komst biomassasintrale yn haven Harns

De gemeenteried fan Harns stelt fragen oer de plannen foar in biomassasintrale yn de haven. Oer twa jier moat ien fan de grutste biogassintrales fan Nederlân yn Harns stean. De fragen geane ûnder oare oer de ynfloed fan de sintrale op de boaiem yn Harns.
It plak dêr't de sintrale komme moat © Omrop Fryslân
"Dat moeten we nagaan, dat weet ik niet", seit wethâlder Paul Schoute. "Voor ons is primair van belang dat er bio-LNG wordt geproduceerd. Dat het een soort tankstation wordt waar schepen schone brandstof kunnen tanken." De sintrale fan it bedriuw SFP wurdt ien foar bio-LNG, in floeiber biologysk gas, en kostet 30 miljoen euro.
Dat der soargen binne, snapt Schoute wol, sjoen de skiednis mei ûnder oare de REC yn Harns. Der binne geregeld problemen mei dy ôffaloven. It leafst hat Schoute wol dat it allegear wat opsjit. "Dit moet zorgvuldig gedaan worden, dat men goed weet wat het is. Maar we moeten op een gegeven moment wel door en niet blijven hangen in dat REC-verhaal. Feit is dat we een industriehaven hebben in Harlingen. We willen ook dat Port of Harlingen en SFP heel goed gaan kijken naar wat we gaan doen en hoe we de bevolking inlichten."

Foar swier fracht- en skipfeartferkear

It biologyske gas dêr't de sintrale foar soarget is benammen bedoeld foar swier fracht- en skipfeartferkear. Dat is no tige fersmoargjend en it is dreech om dy sektor op stroom oergean te litten. Rederij Doeksen, fan de feartsjinsten nei Flylân en Skylge, is ien fan de ôfnimmers. It memmebedriuw fan de fearboattak is ek mei-oandielhâlder en -ynvestearder yn it projekt.
Neffens Doeksen leit der in grutte klimaatopjefte foar it bedriuw de kommende jierren. Bio-LNG kin dêr in wichtige bydrage yn leverje. De twa nijste boaten fan Doeksen farre al op LNG en kinne krekt like goed op bio-LNG farre.

Net elk bedriuw los beoardielje

De ried kin de komst fan de sintrale net mear tsjinhâlde, seit Schoute, mochten se dat wolle. "De raad stelt kaders met een bestemmingsplan. Maar de raad kan niet elk bedrijf dat binnen die kaders blijft afzonderlijk kan beoordelen. Zo is het in Nederland niet geregeld."
De wethâlder hâldt noch wol in lytse slach om de earm wat de komst fan de sintrale oanbelanget. "Mocht er om wat voor reden dan ook een grote weerstand ontstaan onder de bevolking en de gemeenteraad, dan is dat wel de politieke realiteit en maatschappelijke realiteit. Dan moet je nog eens met de initiatiefnemers en Port of Harlingen om tafel of het wel zo verstandig is."
Ynvestearder Erik Brouwer oer de sintrale: