Grutte brân leit skuorre yn Twizel folslein yn 'e jiske

25 mrt 2021 - 06:05

Yn Twizel is woansdeitejûn in grutte brân útbrutsen yn in skuorre oan de Wedzebuorren. By de brân kaam in soad reek frij. De skuorre is folslein ôfbrând. Der is gjinien ferwûne rekke.

De brânwacht oer de brân yn Twizel:

Doe't de brân ûntdutsen waard, wiene der bisten yn de skuorre. Dy koene der allegearre úthelle wurde. By de brân wiene knallen te hearren, dat kaam troch blikken ferve dy't yn de skuorre stienen.

De skuorre stie yn in wenwyk. It hûs foar de skuorre liket beholden te wêzen, meldt de brânwacht. Omdat se der op tiid by wienen, is ek foarkaam dat de brân oerslein is nei oare gebouwen.

Oer de oarsaak fan de brân is noch neat bekend.

Foto: Noordernieuws/De Vries Media
Trefwurden: 
brân Twizel
(Advertinsje)
(Advertinsje)