Nei São Paolo en Sydney steane bylden Tony Cragg no op It Hearrenfean

24 mrt 2021 - 21:49

Bûten by museum Belvédère op It Hearrenfean steane sûnt dizze wike seis gigantyske bylden fan de ferneamde Britske keunstner Tony Cragg. De bylden steane gewoanwei yn grutte stêden lykas São Paolo en Sydney, mar oant septimber binne se te finen yn Fryslân. Direkteur Han Steenbruggen is der wakker wiis mei. "Dit trekt mensen zelfs nu we eigenlijk dicht zijn. En zo kunnen mensen coronaproof toch nog wat cultuur opdoen."

Sjoch hjir hoe't de bylden derút sjogge:

Ek binnen yn it museum steane noch in oantal bylden fan Cragg, mar troch corona binne dy foarearst net te sjen foar it grutte publyk. Steenbruggen: "We hadden deze tentoonstelling eigenlijk anderhalf jaar geleden al afgesproken vlak voordat corona uitbrak. Dat is natuurlijk wel wat vervelend. Maar omdat het nog doorloopt tot september komen er vast ook nog wel bezoekers binnen om deze bijzondere beelden te zien."

Cragg is ferneamd oer de hiele wrâld. Dat komt mei omdat er wurket mei frjemde materialen lykas plestik, glêsfezel en kevlar. Syn bylden binne foarmen dy't neffens Steenbruggen útnûgje om der ris om hinne te rinnen. "En dat doen mensen nu zelfs al nu we nog een beetje aan het opbouwen zijn."

Foto: Omrop Fryslân, Wytse Vellinga

It is by de opbou yndied in drokte fan belang. De iene nei de oare auto en fytser makket efkes in ekstra rûntsje oer it parkearterrein. "Je ziet dat mensen wel even toe zijn aan een uitje. We kunnen niet zoveel en dan is het toch mooi dat wij dit kunnen bieden," sa seit museumdirekteur Steenbergen.

Foto: omrop Fryslân, Wytse Vellinga
(Advertinsje)
(Advertinsje)