LDODK begjint play-offs mei romme nederlaach tsjin Fortuna

24 mrt 2021 - 21:31

De kuorballers fan LDODK binne de play-offs om de lânstitel begûn mei in 22-16 nederlaach tsjin Fortuna út Delft. It wie it earste duel yn in saneamde best-of-three. De earste ploech dy't twa wedstriden yn de searje wint, giet nei de heale finale. Sneon is it twadde duel yn De Gordyk.

Foto: Orange Pictures

Fortuna is regearjend lânskampioen, al behellen se dy titel twa jier lyn. Ferline seizoen waard de kompetysje ôfbrutsen fanwegen corona en kaam der sadwaande net in nije kampioen. Yn Delft kaam Fortuna flot mei 2-0 foar fia Lieneke Pries (ex-LDODK) en ynternasjonal Fleur Hoek, dy't har 400e goal makke yn de Kuorbal League. Mar LDODK koe knap bybliuwe en Erwin Zwart soarge sels foar in foarsprong (2-3) Yn de rin fan de earste helte pakte Fortuna it inisjatyf en rûn út nei 10-7. Flak foar it skoft koene Julian Frieswijk en Ran Faber it ferskil werom bringe nei ien: 11-10.

Dramatyske twadde helte

Fortuna makke nei de pauze dien wurk. Binnen fjouwer minuten stie it 14-10. By LDODK ûntbruts de skerpte fan it skot folslein: yn 20 minuten waard mar ien goal makke. De thúsploech wie hear en master yn de rebound en koe sa lange oanfallen spylje. Dat levere in 20-11 foarsprong op. Flak foar tiid koene de Friezen de stân noch in bytsje draachliker meitsje.

Lêste kâns LDODK

Sneon is yn De Gordyk it twadde duel. By ferlies fan LDODK binne de Friezen útskeakele en giet Fortuna nei de heale finale, by winst komt der tiisdei 30 maart in beslissende wedstriid yn Delft. De wedstriid is sneon live te folgjen op Omrop Fryslân radio en begjint om 17.30 oere.

Trefwurden: 
LDODK Fortuna Kuorbal League
(Advertinsje)
(Advertinsje)