Riemer van der Velde en Foppe de Haan yn petear mei Roozemond: "Konstruktyf"

24 mrt 2021 - 21:12

Earefoarsitter Riemer van der Velde en Foppe de Haan ha woansdeitemiddei om tafel sitten mei algemien direkteur Cees Roozemond fan SC Hearrenfean. By it petear wiene ek de kommissarissen Egbert van Hes en Henny Groot Kormelink oanwêzich. Oer de ynhâld fan it oerlis woene beide partijen nei ôfrin neat sizze.

Abe Lenstra - Foto: Omrop Fryslân, Darshan Boerema

Wol seine se dat it in konstruktyf petear wie wêryn alle partijen harren ideeën op tafel lein ha oer de takomst en it wolwêzen fan de klup.

Der is ôfpraat dat der oer trije wiken fierder praat wurdt om te sjen wat alle partijen foar inoar betsjutte kinne.

(Advertinsje)
(Advertinsje)