VC Snits spilet kampioenspûl net út, mar moat wol oan 'e bak om tredde plak

De kampioenspûl yn de earedifyzje fan it frouljusfollybal wurdt net mear útspile. Dat hat it follybalbûn Nevobo woansdei bekend makke. Troch coronabesmettingen koene ferskate wedstriden de ôfrûne dagen net trochgean. Om't Sliedrecht Sport en Apollo 8 al wis binne fan de finale, is no besletten de kampioenspûl net mear út te spyljen. Wol moat VC Snits noch oan de bak foar it tredde plak.
© Orange Pictures
Yn oerlis mei de nûmers trije (VC Snits) en fjouwer (Djopzz Regio Zwolle) fan de kampioenspûl is besletten dat beide teams in saneamde best-of-three spylje. Dat betsjut dat de earste ploech mei twa oerwinningen tredde wurdt. De útslach fan 18 maart, 3-2 yn it foardiel fan VC Snits, telt mei as earste wedstriid. Snits stiet dus 1-0 foar yn de searje.
Dêrneist gean de Snitser froulju yn it peaskewykein noch de striid om de beker oan. Dy wedstriden stean op it programma op 2 april (kwartfinale), 3 april (heale finale) en 5 april (finale). De earste wedstriid om de lânstitel tusken Sliedrecht Sport en Apollo 8 stiet op sneon 10 april op it programma.