Earste twa tiltmjitters pleatst yn sintrum fan Harns

Yn Harns binne de earste saneamde tiltmjitters pleatst yn twa monumintale wenten yn it sintrum fan de Waadstêd. De tiltmjittersbinne der kaam om út te finen oft der sprake is fan trillingen en eventuele boaiemdelgong en oft dat feroarsake wurdt troch sâltwinning foar de kust fan Harns yn de Waadsee.
De haven fan Harns © Shutterstock.com (Rudmer Zwerver)
De mjitters binne ûnderdiel fan in grutter mjitnet dat de ûntwikkelingen yn de boaiem fan Harns de kommende desennia folgje moat. Yn Harns is der benaudens dat de gaswinning soarget foar oantaasting fan de monumintale pannen yn de stêd.
Nei oanlieding fan dy soargen is der in pilot oprjochte dêr't ferskate partijen in gearwurking socht hawwe om foar te kommen dat der skea ûntstiet. De stichting Bescherming Historisch Harlingen, Frisia Zout, de provinsje en de gemeente Harns hawwe yn 2019 de gearwurking fêstlein. De tiltmjitters binne ien fan de resultaten fan dizze oerienkomst.