Keatsferiening Tsjummearum seit haadklassepartij op Himelfeartsdei ôf

24 mrt 2021 - 20:39

De keatsferiening Tsjummearum hat no al it beslút naam dat de haadklassepartij op Himelfeartsdei, tongersdei 13 maaie, net troch giet. Tsjummearum is dêrmei de earste keatsferiening dy't in partij foar dit seizoen fanwegen corona ôf seit. Tsjummearum organisearret op Himelfeartsdei altyd in ôfdielingspartij, dy't sjoen wurdt as de generale fan de Bûnspartij.

Foto: Omrop Fryslân, Aise van Beets

It bestjoer fan de keatsferiening sjocht it mei de stân fan saken op dit stuit net sitten dat der op 13 maaie sa'n grutte partij organisearre wurde kin, sa seit foarsitter Theo Draijer: "Oan't 1 juny meie der gjin eveneminten plak fine yn de gemeente Waadhoeke. Wy falle ûnder de eveneminten, want wy moatte alle jierren in evenemintefergunning oanfreegje, dus dat is al in grut probleem. Wy fine it foarútsjoch net goed en dus hawwe wy mei pine yn it hert beslute moatten om de partij, krekt as ferline jier, ôf te sizzen."

"Wy hawwe fjirtich partoeren op it fjild"

It haadbestjoer fan it keatsbûn KNKB hat noch besocht Tsjummearum op oare gedachten te bringen, mar dat is net slagge. Draijer wiist der op dat allinnich al foar de organisaasje fan dizze ôfdielingspartij in hiel protte minsken yn it spier binne. "Sjoch, soe it gean om acht- of tsien partoeren, dan hie it wat oars lein. Mar wy hawwe fjirtich partoeren. Der wurdt keatst op trije fjilden; der binne fyftich karmasters aktyf , goed tweintich blokjerinners en trije skiedsrjochters."

Neffens Draijer sit 'syn' partij te betiid yn it seizoen: "Pas op 20 april witte wy oft der ferromming yn sit. It wie in leadswiere beslissing en ik haw der ek fan wekker lein. Mar no is it foar elkenien wol dúdlik. En miskien nimme wy dizze beslissing te betiid. Dat sille we achterôf pas witte."

(Advertinsje)
(Advertinsje)