Gertjan Verbeek wol ûnder Roozemond Hamstra no net opfolgje: "Dat lijkt me niet, nee"

Salang't de technysk manager fan Hearrenfean noch falt ûnder direkteur Cees Roozemond, wol âld-trainer Gertjan Verbeek dy baan net ha. Dat blykt út in ynventarisaasje fan Omrop Fryslân. We fregen seis ikoanen fan de klup wa't de opfolger wurde moat fan technysk manager Gerry Hamstra.
© Orange Pictures
Hamstra ferliet SC Hearrenfean goed twa wiken lyn, nei in ferskil fan ynsjoch oer de fizy en strategy foar de takomst. Hy sei dat hy en de klup net mear op ien line sieten. "In goed overleg hebben we daarom het besluit genomen om uit elkaar te gaan."

Gertjan Verbeek: Ik wil Heerenveen graag helpen

Gertjan Verbeek wie 20 jier wurksum by Hearrenfean, as spiler en as trainer. De kâns dat hy de nije technysk manager wurdt is hiel lyts. "Dat lijkt mij niet, nee."
© Orange Pictures
"We hebben twee jaar geleden aangeboden een plan te maken en dat is toen afgeketst", seit Verbeek. "Ik wil graag wat doen voor de club, maar dan moeten we eerst een visie ontwikkelen." Verbeek sjocht it boppedat net sitten om ûnder Roozemond te wurkjen. "Nu is het zo dat de technisch manager werkt onder Roozemond. Dat lijkt me niet juist."
Wa't it dan wol dwaan moat? "Dat weet ik niet. Wat volgens mij veel belangrijker is, is dat je eerst nadenkt over waar je naartoe wilt als club. Hoe ga je jezelf ontwikkelen? Zorg voor draagvlak. Zorg ervoor dat iedereen erachter staat. Dan kun je daarna de poppetjes invullen."
"Je moet eerst de organisatie neerzetten en daarna pas de mensen. Nu is het andersom gegaan bij Heerenveen en zo moet het volgens ons niet. Ik wil Heerenveen graag helpen, het is en blijft mijn club. Maar dan moet ik daar wel achter staan. Je moet wel goed begrijpen dat het één voor twaalf is bij Heerenveen."

Gaston Sporre: Ik hoop dat de club er weer bovenop komt

Gaston Sporre wie fiif moannen ynterim-foarsitter fan Hearrenfean, yn it seizoen 2013-2014. Hy seit dat de technysk manager in skiep mei fiif poaten wêze moat. "Met de wetenschap dat ik op afstand sta en me niet meer bemoei met de club, dus ik vind het wat lastig oordelen. Natuurlijk zie ik ook dat het onrustig is. Soms denk ik ook wel: Nou, moet je dat nou zo aanpakken?"
Sporre (links) mei Hakim Ziyech © Orange Pictures
"Ik hoop vooral dat de club er weer bovenop komt", seit Sporre. "Met zo'n grote achterban verdienen ze minimaal in het linkerrijtje te staan."
"In mijn tijd was Johan Hansma net weg als technisch directeur. Toen hebben we het zo opgelost: Marco van Basten was de trainer en samen met Riemer van der Velde en Foppe de Haan probeerde ik dan te regelen dat we beslissingen konden nemen. Je moet zoveel kennis altijd gebruiken."
"Ik zei: Riemer, jij hebt zoveel kennis van spelers, zo'n groot netwerk. En voor Foppe geldt natuurlijk dat hij de trainers enorm kan helpen. Nou, dat werkte toen prima. Maar goed, dit zijn wel andere tijden. Ik denk wel dat je echt iemand nodig hebt die verantwoordelijk is voor het technische beleid."
"Ik zou er zeker de tijd voor nemen om een nieuwe man aan te stellen, Een technisch manager ruil je nou eenmaal minder snel in dan een voetballer. In de zomer moet je wel een mooie elftalfoto kunnen maken, maar kwaliteit moet voor snelheid gaan."

Foppe de Haan: As Roozemond my freget, dan sis ik nee

Foppe de Haan wie de langstsittende coach fan Hearrenfean. Hy fynt dat de klup goed de tiid nimme moat. "Der is bêst wol wat oan de hân by de klup. Net allinnich mei it earste âlvetal, mar ek mei de jeugd."
© Orange Pictures
"No is it foardiel dat je ek wol efkes wachtsje kinne", seit De Haan. "Gerry is der by wei fallen, mar der binne fansels folle mear minsken dy't dêr wurkje. Scoutinghaad Karel Brandsma sit mei de tiennen oeral yn. Hy hat kontakten mei alle scouts. Wit precies wat dêr rint. Dy kin dat prima oan."
"Je moatte der no de tiid foar nimme. Gerry Hamstra kaam ek út it neat by de klup. Je moatte earst in goeie groep foarmje binnen de klup. En dan kommend seizoen mar wer sjen nei wa't de technysk manager wurde moat of hoe't je it oanpakke moatte. Soargje der earst goed foar dat je in goed byld ha."
"Neffens my moat it immen wurde dy't boppe de partijen stiet en goed gearwurkje kin. It leafst ien mei in Hearrenfeanhert. Ien dy't goed kontakt hat mei de minsken, mei de âlders fan de jeugdspilers, en dy't wit wat der spilet."
"As Cees my freget, dan sis ik nee. Ik bin klear mei it wurk yn it fuotballibben, mar we wolle wol helpe. Twa jier lyn is dat net slagge, mar ik hoopje wol dat se der no wat iepener yn steane. Doe wie it in petear mei in hiele grutte groep minsken, no sitte we mei Cees Roozemond, Egbert van Hes en Henny Groot Kormelink. En dy lêste siet der de foarige kear net by. Dus ik ha wol goeie hoop dat se der no wat mear foar iepen steane."
"Ik tink ek net yn kampen. Der is mar ien klup en dy moatte we der boppe-op helpe."

Karel Brandsma: We kunnen het seizoen wel afmaken zonder technisch manager

Karel Brandsma is al mear as 30 jier haad scouting by Hearrenfean. "Het lijkt me verstandig dat er een technisch manager komt met ervaring. Iemand die in zijn leven al heeft gewerkt als technisch manager. Dat is sowieso nodig, een man met ervaring. Deze organisatie heeft deskundigheid nodig. Niet iemand die je moet in werken."
© Orange Pictures
"Het is ook altijd goed om ervaring te hebben met Heerenveen", seit Brandsma. "Iemand met het Heerenveen-DNA zou mooi zijn, maar dat hoeft niet per se. Kwaliteit staat voorop. De technisch manager is een spin in het web. Zijn contactuele eigenschappen moeten goed zijn. Iemand met empathie is belangrijk, maar ook zaken als boerenverstand, nuchterheid en een realistische kijk zijn belangrijk."
"Of je dit seizoen kunt afmaken zonder een technisch manager? Oei, lastige vraag. Je moet niet overhaast werken. Zorgvuldigheid is het belangrijkste. Dit seizoen zo afmaken kan wel. Gerry was belangrijk daarin, maar we werkten wel in een team."
"Gerry en ik hadden een perfecte werkrelatie. Hij was de woordvoerder, ik was de penvoerder. Ik ben zeg maar degene die het op papier allemaal verwoordt. En dan in samenwerking met mensen van financiële zaken en P&O regelden we het dan wel."
"Ik vind dan ook niet dat de nieuwe man per se een technisch directeur moet worden. Dan krijg je twee directeuren, dat kan, maar daar ben ik niet zo mee bezig. Dat maakt me niet zo veel uit."
"Of ik het zelf zou willen? Nee!"

Riemer van der Velde: De totale besetting fan de klup is ûnder nivo

Riemer van der Velde is eare-foarsitter fan SC Hearrenfean. Hy fynt dat der dit seizoen gjin nije technysk manager mear oansteld wurde moat. "Dat hoecht net", sei er yn de Sportcast fan Omrop Fryslan. "Allinnich it kontrakt fan Sherel Floranus moat foar 1 april ferlingd wurde. Of net. Dus se krije it net drok. Dat kinne se mei dit team ek wol oplosse. Dan ha je de tiid en kinne je dêrnei fierder sykje nei in opfolger."
© Orange Pictures
"Je moatte earst in plan meitsje. Wat wolle je? Je moatte net earst sjen nei wa't der komme moat, mar nei wat je wolle. Dus net earst de popkes."
"Roozemond hat no in moai skoftke de klup bestjoerd. No soe ik him freegje wolle: Dat hat noch net folle holpen. Lit minsken dy't affiniteit ha mei de klup der no ris nei sjen en in plan meitsje. Lit de sittende lieding no ris kritysk nei harren sels sjen. Doar dy iepen te stellen. De jeugoplieding is ûnder niveo, de totale besetting fan de klup, de kennis, is ûnder nivo."

Johan Hansma: Der binne genôch minsken dy't har miening jouwe oer de klup

Johan Hansma fuotballe sels by Hearrenfean, en wie tchnysk manager fan 2010 oant 2013. Hy wol it measte net sizze.
Johan Hansma (twadde fan rjochts) mei Robert Veenstra, Jan Erve en Marco van Basten © Orange Pictures
"SC Heerenveen zit altijd diep in mijn hart en blijft voor altijd mijn club,"seit Hansma, "want ik heb er voornamelijk prachtige tijden meegemaakt in diverse functies. Ik hoop dat SC Heerenveen iemand aanstelt, die de club sportief weer op de kaart zet en op een hoger sportief plan dan waar het zich de laatste jaren op alle fronten op begeeft."
"Er zijn genoeg mensen die hun mening/advies geven over de club maar ik heb geen behoefte om mijn mening/advies te geven. Ik hoop op een goede en verstandige keuze!"