Racketsport padel libbet op yn Fryslân wylst sportwrâld yn lockdown sit

De oanhâldende coronamaatregels hâlde ek de sportwrâld noch seker oant 20 april yn 'e macht. In grutte tebeksetter foar de measte sporten. Mar ien sport profitearret krekt fan de coronakrisis en is dwaande mei in gigantyske opmars yn Fryslân: de racketsport padel.
Sport langer yn lockdown, mar padel libbet krekt op
Op it stuit binne der alve banen yn ús provinsje. It Hearrenfean, De Jouwer, Snits, Aldegea (Sm) en Surhústerfean hawwe elk twa banen en ek yn Easterwâlde is in baan. De fraach wurdt lykwols hast te grut om dat op dy seis lokaasjes kwyt te kinnen. "Alle padelbanen yn Fryslân binne hartstikke fol", seit Rutger Haven fan Padel Friesland op It Hearrenfean.
Dat hat foar in part te krijen mei de hjoeddeiske maatregels. "Alle teamsporten meie eins net", seit Haven. "Dus der binne in hiel soad sporters dy't gewoanwei fuotbalje, iishockeye of kuorbalje en dy komme no nei de padelbaan. Dan kinne se dochs noch in wedstrydsje spylje."

Wat is padel?

Padel is in krusing tusken tennis, squash en beachball. It wurdt spile op in baan fan tsien by tweintich meter mei deromhinne wannen fan glês en stek. Padel wurdt allinnich spile as dûbeldspul, twa tsjin twa. Yn it midden stiet in net en de puntetelling is gelyk oan dy fan it tennis. In grut ferskil is lykwols dat de bal by padel ek fia de muorren spile wurde mei.

VV Hearrenfean

Wêr't it padel optimaal profitearret fan de lockdown is dat in kilometer fierderop by VV Hearrenfean hiel oars. "It is benammen dreech foar de trainers om de spilers motivearre te hâlden. Dat is tink ik wol it dreechste", seit foarsitter Bernier Hoekstra. De rekreaasjeteams traine bygelyks al hielendal net mear, om't se it 'neat oan fine om yn fjouwertallen te spyljen'.
De foarsitter is lykwols net bang dat it tal leden troch de coronakrisis ôfnimme sil. "We hawwe yn elk gefal gjin sinjalen dat der by ús klup leden opsizze. Der sille fêst wol ris ien of twa wêze dy't sizze we hâlde der mei op. Mar dat hawwe we elk jier", seit Hoekstra.

Oefenwedstriden

Om it foar de jeugd oantrekliker te meitsjen is Hoekstra mei syn klup dwaande om oefenwedstriden op te setten tusken klups út de gemeente. "Sneons dogge we faak ûnderlinge wedstriden. Dêr sjochst op dit momint dat de animo in bytsje ôfnimt. Dat is op in gegeven momint ferfelend", seit Hoekstra.
Om wedstriden te spyljen tsjin oare klups is lykwols wol tastimming fan de Veiligheidsregio en de gemeente nedich. "Se kinne der gewoan op de fyts hinne. It hâldt de útdaging der dan wat yn foar de jeugd", seit Hoekstra.

Makliker te learen

It tal leden lûkt by tennisferieningen neffens Haven just oan troch de coronamaatregels. Dat komt mei troch padel. "Padel is krekt wat makliker te learen. Minsken dy't wat minder balgefoel hawwe, kinne prima in potsje padel spylje", seit de padeltrainer.
© Omrop Fryslân, Lars de Leeuw
Dat komt ûnder mear troch it lytsere racket. "Hoe langer it racket is, hoe lestiger it is om de bal goed te reitsjen. En der sit in glêzen wand om de baan en ast in bal mist by tennis dan hâldt it op. Dan is de bal dy passearre en dy komt net mear werom, mar hjirby hast in glêzen wand. As de bal de grûn rekke hat en hy komt werom fia de wand, dan meist him gewoan wer werom slaan", leit Haven út.

Hielendal ferslave

Haven is sels yn oanrekking kaam mei de sport op fakânsje op Gran Canaria. "Ik bin hielendal ferslave rekke oan dizze sport. Je sjogge ek: minsken dy't twa of trije kear west hawwe, dy bliuwe mar kommen en dy nimme ek hieltyd wer nije minsken mei. Sa wurdt it echt in sniebaleffekt."
Yntusken is hy dus sels trainer. "Ik ha in kursus folge by it padelbûn om lessen te jaan. It like my prachtich om neist myn wurk te dwaan, mar it waard sa drok dat ik opholden bin mei myn baan en my no folslein op padel rjochtsje", seit Haven.
Dy drokte sil noch wol efkes bliuwe, want Haven ferwachtet dat de sport yn Fryslân allinnich noch mar grutter wurdt. Hy tinkt sels dat oer tsien jier hast alle plakken in eigen padelbaan hawwe. "Ik tink dat we deselde kant op gean as Spanje en dat padel nei fuotbal aanst de grutste sport is", sa seit Haven.