"Súdeast-Fryslân geskikt leefgebiet foar de wolf"

24 mrt 2021 - 19:30

Súdeast-Fryslân oantemei Drachten is in geskikt leefgebiet foar wolven. Dat seit saakkundige fan de sûchbistenferiening en lanlik koördinator fan de wolvenmonitoring Glenn Lelieveld. Hy die dat woansdeitemiddei op in provinsjale gearkomst fan saakkundigen oer de wolf. Lelieveld ferwachtet dat de wolf him op termyn fêstigje sil yn ús provinsje.

Foto: Shutterstock

Der binne twa faktoaren hiel wichtich wannear't it giet om de fêstiging fan in wolf. Dat binne foldwaande rêst en foldwaande fretten. En by dat lêste giet it benammen om it wyld yn it gebiet lykas reeën. Hoefolle wolven der komme en op hokker termyn dat barre sil, is net te foarsizzen seit Lelieveld. Minsken sille net in soad meikrije fan soks, mar foar boeren en benammen skieppehâlders jildt wol dat it goed is dat der op provinsjaal nivo it ien en oar taried wurdt. De ûnderfiningen út ûnder oare Dútslân binne dat wolven dy't harren fêstigje, benammen wyld frette en dat wolven dy't nei oare gebieten lûke ûnderweis noch wolris fee oanfalle.

Beskermjen in soad wurk

At je sjogge nei hoe't yn Fryslân skiep hâlden wurde, is it effektyf beskermjen fan de bisten in hiel soad wurk. At dêr gjin subsydzje foar komt, is it risiko hiel grut dat it hâlden fan skiep net mear útkin, sa warskôgen oare saakkundigen op de provinsjale gearkomste. Skieppehâlders hjir konkurrearje op 'e wrâldmerk mei skieppehâlders yn lannen dêr't gjin wolven binne lykas Ierlân en Nij Seelân.

Foto: Omrop Fryslân

Je fee beskermje mei roasters mei wol, mar in hiel gebiet ôfslute foar de wolf mei in wolvestek lykas no ek foarsteld wurdt, kin juridysk hielendal net. Alteast, dat seit Lelieveld en hy ferwiist dêrfoar nei útspraken fan it Europeeske hôf en de Europeeske kommisje dy't dêrfoar sjocht nei de saneamde habitatrjochtline. Neffens foarsitter Saskia Duives fan de fakgroep skieppehâlders by lânbou-organisaasje LTO soe der yn it ynternasjonale Ferdrach fan Bern wol romte sitte foar soks.

Ofsjitten fan wolven

Sy tinkt ek dat der mear romte is foar it ôfsjitten fan wolven dy't foar in soad skea soargje en ferwiist dêrfoar nei in praktykfoarbyld yn Frankryk. Neffens Lelieveld giet dy fergeliking net op omdat der yn Frankryk folle mear wolven binne wêrtroch der ek mear romte is foar ûntheffingen om wolven te sjitten. Hy tinkt dat de wolf ek goed útpakke kin foar Fryslân trochdat sy foarkomme kinne dat der tefolle reeën omrinne.

(Advertinsje)
(Advertinsje)