Stikkene âlde Fryske bibels nei restauraasje-atelier
De stichting Alde Fryske Tsjerken is dwaande mei in ynventarisaasje fan har 220 âlde bibels. Guon binne der sa min oan ta, dat se oan reparaasje ta binne. De earsten lizze al yn in restauraasje-atelier yn Ljouwert.
De stichting lit dus net allinnich tsjerken restaurearje, mar ek bibels. By Frisian Colorists & Restorers sille se kaften, papier, tekst en slotsjes wer reparearje ta in steat dy't past by de tsjerke, dêr't se út komme.
It is net de bedoeling dat de bibels as nij makke wurde", seit direkteur Hester Simons fan de Stichting Alde Fryske Tsjerken. "Der wurdt sjoen nei wat de karakteristiken binne en nei de moaie dingen fan de bibel, sa't dy no is en hoe we dy dochs behâlde kinne foar de takomst."
Hoefolle bibels makke wurde kinne, is noch net dúdlik. De earste stikkene boeken lizze no yn it restauraasje-atelier. Fan in bibel út Sint-Anne lizze de psalmen los, lykas it kaft fan in bibel út Goaiïngaryp en it boek hat de saneamde kânselsykte.
"Dat komt, omdat 'ie altijd open op de kansel heeft gelegen", leit Antonio Leemburg fan it atelier út. "Er is waarschijnlijk heel veel op geleund tijdens het preken en dan gaan de hoeken kapot. Men noemt dat ook wel de kanselziekte. Dat is charmant aan het boek. Je zou het kunnen herstellen, maar ik denk dat het veel mooier is om het zo te laten."
De raffelige hoeken fan de siden yn it midden fertelle in moai ferhaal, dat by sa'n boek heart, fynt Leemburg. Wannear't de bibels klear binne, moatte se wer iuwen mei kinne. Moaie eksimplaren wol de Stichting Alde Fryske Tsjerken tentoanstelle yn de tsjerken.