Fandalen ferniele fûgelringstasjon Rohel by Tsjûkemar

24 mrt 2021 - 18:57

Fandalen hawwe grutte skea oanrjochte oan it fûgelringstasjon Rohel oan de noardkant fan it Tsjûkemar. Ta syn eigen skrik trof frijwilliger Jan de Jong in grutte ravaazje oan doe't hy tiisdeitemoarn by it ringstasjon oankaam om dêr oan it wurk te gean.

Sjoch nei de reportaazje

De Jong freget him yn in berjocht op Facebook ôf wa't de fernielingen oanrjochte hat. "Al sinds 1985 (meer dan 35 jaar!) ring ik als vrijwilliger op deze locatie voor de wetenschap vogels. Beide ringtafels waren kapot geslagen en her en der lagen resten." De frijwilliger soe graach sjen dat de dieders har melde.

Foto: Facebook Jan de Jong
(Advertinsje)
(Advertinsje)