Wer grutte finansjele problemen by eardere túnboubedriuw Hartman

It túnboubedriuw Quality Life Produce yn Seisbierrum, earder bekend as Hartman, hat wer te krijen mei grutte finansjele problemen. Alle útstjoerkrêften binnen troch it útstjoerburo VZM út Frjentsjer opdroegen om tongersdei thús te bliuwen. Hartman soe net oan de betellingsferplichtingen foldwaan kinne. Oerlis hjiroer hat oant no ta noch neat opsmiten.
© Omrop Fryslân, René Koster
By Quality Life Produce wurkje nei de oername hast allinnich mar útstjoerkrêften. De jildkrapte soe ek yn it bedriuw te fernimmen wêze. Reparaasjes oan masinen wurde net dien om't bedriuwen gjin wurk foar QLP dwaan wolle. Der wurdt op dit stuit noch ûnderhannele tusken beide bedriuwen, mar de wurknimmers bliuwe tongersdei yn elk gefal thús.
Neffens algemien direkteur Bas van Zwienen fan VZM giet it om 77 útstjoerkrêften en spylje de problemen sûnt jannewaris. "Dit wilden we liever niet doen. We hopen dat iedereen vrijdag weer aan het werk kan."

Net de earste kear

It is net de earste kear dat it bedriuw út Seisbierrum yn finansjele swierrichheden sit. Yn 2019 frege de Belgyske oandielhâlder The Fruit Farm Group it fallisemint oan foar it glêstúnbedriuw A.C. Hartman. Dêrnei makke it bedriuw in trochstart, doe't it bedriuw Best Fresh Group de neije eigener waard.