Lokaasjeteäter oer 75 jier frijheid giet 'hoe dan ek' troch, mar in datum is der noch net

Akteurs repeteare noch asof de premjêre oer goed trije wiken is, mar dat wurdt him net mear. De befrijingsfoarstelling Skaad hie dy iene foarstelling wêze moatten dy't wol trochgie, mar nei de lêste parsekonferinsje fan premier Rutte is dúdlik wurden dat it net kin. "Wy sette troch", seit David Lelieveld fan teätergroep Pier21.
Pier21 mei lokaasjefoarstelling Skaad © Pier21
David Lelieveld
De foarstelling fertelt it ferhaal oer de fersetsman Gerard Reeskamp út Het Gooi, dy't yn de oarloch nei Fryslân kaam. Hy rjochte de knokploech fan Skearnegoutum op, pleegde oerfallen op plysjeburo's en is belutsen by de oerfal op de Blokhúspoarte. Mar nei de oarloch falt er fan syn foetstik.
De foarstelling wurdt spile yn in pleats by Skearnegoutum. Yn dit doarp brocht Reeskamp de Twadde Wrâldoarloch troch. It stik hie eins foarich jier al spile wurde moatten, by de fiering fan 75 jier frijheid yn Fryslân. Dat koe doe net trochgean, fanwege it coronafirus, en de foarstelling waard trochskood nei dit jier.
Op 16 april hie de premjêre wêze moatten. Dat slagget no net mear. Mar sadra't der mooglikheden binne, wurdt der spile, seit Lelieveld. "We dogge der alles oan om it foar mekoar te krijen." Hy wachtet mei spanning op de kommende parsekonferinsje fan it kabinet. Dy is op 13 april.