Twa minsken ferwûne by ûngelok op N359 by Wommels

24 mrt 2021 - 17:04

By in ûngelok op de Westergoawei by Wommels binne woansdeitemiddei twa minsken ferwûne rekke. Twa auto's kamen yn botsing op de krusing. De bestjoerders binne ûndersocht troch minsken fan de ambulânse en dêrnei nei it sikehûs tabrocht.

Foto: Kappers Media

Der kamen twa ambulânsen en ferskate plysje-auto's te plak. Hoe't it ûngelok krekt barre koe is net bekend.

Trefwurden: 
ûngelok Wommels N359
(Advertinsje)
(Advertinsje)