Undernimmers De Gordyk helpe inoar de krisis troch

24 mrt 2021 - 16:52

Krekt dat bytsje jild sadat je de hier betelje kinne. Of de rekken foar de stookkosten. In bedrach koart sein dat derfoar soarget dat de saak net oer de kop giet. Dat is it doel fan it Gordykster stipepakket. In fûns opset troch de ûndernimmersferieningen yn it doarp.

Undernimmers De Gordyk helpe inoar yn krisistiid

It fûns is begjin febrewaris opset, It doel is om 75.000 euro op te heljen. Oant no ta stiet de teller op goed 60.000 euro. Sa'n 60 ûndernimmers ha al in útkearing krigen. Under oare boekhannel Planteyn yn it doarp. "Dat wie best in grutte stap om te setten", seit Clemens Kamsma fan de boekhannel. "Je wurde grutbrocht mei it idee dat je it sels fertsjinje moatte. Dus moast ik al myn grutskens op side sette om dochs in oanfraach te dwaan."

It giet net om grutte bedragen. Foar Kamsma wie it genôch om syn winkel draaiende te hâlden. En dat is de bedoeling ek fan it fûns, seit Sierd Moll. "It idee kaam doe't ik my fernuvere oer hoe drok ik it hie. Dat hie ik sjoen dizze krisis net ferwachte. Mar je sjogge al dat oaren it al dreech ha. Doe ha we betocht in fûns op te setten."

Neibuorskip

It jout it gefoel fan neibuorskip, seit Kamsma. "Dat je soargje foar de ûndernimmers yn de mienskip. Dat is echt hertferwaarmjend om te sjen en ek te fielen." Moll is it dêr mei iens: "Yn de goede tiden komme sportferieningen nei ûndernimmers ta mei de fraach oft we sponsorje wolle. No is dat eins oarsom. En te sjen dat safolle minsken al wat jûn ha, is echt prachtich."

It jild wurdt net samar útjûn. In ûnôfhinklike kommisje besjocht de oanfraach en giet dan yn petear mei de ûndernimmer.

(Advertinsje)
(Advertinsje)