Oerienkomst mei Amerikaansk bedriuw smyt Douwe Egberts mear banen op

Koffiebedriuw Douwe Egberts hat in oerienkomst sletten mei it Amerikaanske bedriuw J.M. Smucker. It giet om in oerienkomst, wêrby de kofjefabryk fan De Jouwer kofje meitsje sil dy't levere wurdt oan sikehuzen, hotels en konferinsjesintra op de Noard-Amerikaanske merk.
© wikipedia.nl, Freaky
De oerienkomst mei it Amerikaanske bedriuw hat as gefolch dat de produksje fan kofje op De Jouwer útwreide wurdt. Dat soarget neffens Douwe Egberts foar tsien oant tweintich nije banen.
By DE op De Jouwer wurkje sa'n 270 minsken. 160 dêrfan hâlde har dwaande mei de produksje fan kofje.