253 nije coronabesmettingen yn de ôfrûne 24 oeren yn Fryslân

It RIVM meldt woansdei 253 nije coronabesmettingen yn Fryslân. Dat binne der 38 mear as tiisdei. Doe wienen der 215 besmettingen meld. Yn trochsneed wie it deistige tal besmettingen dizze wike 232.
It deistige tal besmettingen fan de lêste trije wiken (komt de grafyk net goed yn byld, klik dan hjir):
De measte nije besmettingen binne meld yn de gemeente Ljouwert (50), dêrnei folgje Súdwest-Fryslân (49), en Noardeast-Fryslân (33).
Yn Fryslân binne yn de ôfrûne 24 oeren gjin nije stjergefallen meld as gefolch fan it coronafirus. Der hawwe 3 sikehûsopnamen west yn Fryslân.
It tal besmettingen de gemeente (sjochst de kaart net goed, klik dan hjir):

Lanlike sifers

Lanlik binne der 7624 nije coronagevallen registrearre. It deistige lanlike gemiddelde fan de ôfrûne wike wie 6811.
Sjoch foar mear sifers oer it coronafirus op omropfryslan.nl/corona.