Provinsje makket ekskuzen om 'ûnderskatten wrakseling' boeren

24 mrt 2021 - 14:55

De provinsje Fryslân makket ekskuzen foar it ûnderskatten fan 'de wrakseling dy't boeren fiele'. Dat sei deputearre Douwe Hoogland woansdei by in spoeddebat oer boeren en greidefûgels. Hy wol 'in nije start' meitsje.

Provinsje makket ekskuzen oan boeren

"Wy steane as kolleezje njonken de boeren", seit Hoogland. Hy kundiget yngreven petearen oan mei boeren oer de soarchplicht foar greidefûgels. Deputearre Avine Fokkens ûnderstreket dat de provinsje fêsthâldt oan dialooch en oerlis. It rjocht fan de grûneigner is net absolút, seit se der by.

Trekkers foar it provinsjehûs

Yn de plannen stiet dat boeren yn in part fan Fryslân it lân earst kontrolearje litte moatte troch de fûgelwacht op fûgelnêsten foardat se derop meie om te meanen, bedongjen of beweidzjen. It definitive beslút dêroer wurdt pas yn it neijier naam, mar guon boeren litte no al witte dat se it der net mei iens binne. Der stiene woansdeitemoarn in pear trekkers foar it provinsjehûs. Twa wiken lyn fierden tsientallen boeren ek al aksje by it Provinsjehûs tsjin it plan.

Deputearre Douwe Hoogland

"De aksje rekket my", seit Hoogland, "benammen troch de toan fan de boeren. It spyt my dat de boeren fine dat it proses net goed ferrûn is."

'It fertrouwen is fuort'

Meardere partijen yn de provinsjale polityk wiene kritysk, foarôfgeand oan it debat. Se fine dat it kolleezje gau wurk meitsje moat fan in bettere relaasje mei de boeren. "We ha no it gefoel dat it fertrouwen by de boeren fuort is", seit Steatelid Wiebo de Vries fan de ChristenUnie.

Forum voor Democratie kundige moarns noch in moasje fan wantrouwen oan yn tsjin deputearre Hoogland, mar brocht dy net yn stimming. "Hy is troch de knibbels gien, dat is goed", seit steatelid Albert van Dyk. "Je moatte de boeren gjin regels oplizze. De boeren wolle de greidefûgels behâlde, mar ek baas wêze op eigen lân."

Albert van Dyk fan Forum voor Democratie

(Advertinsje)
(Advertinsje)