Onderzoeksraad: foarkommen stâlbrannen hat gjin prioriteit

It foarkommen fan stâlbrannen, wêrtroch't elts jier gemiddeld 143.000 bisten om it libben komme, hat gjin inkelde prioriteit. Net by de feehâlderijsektor en net by it belutsen ministearje fan Lânbou, Natuer en Fiedselkwaliteit. Krektoarsom, it ministearje sjocht gjin reden om oanfoljende regels op te stellen om de brânfeiligens yn grutte stâlen te ferbetterjen. In brân wêrby't 130.000 stiks plomfee of 7.000 bargen omkomme, sjogge sy as 'akseptabel risiko'.
Stâlbrannen dêr't bisten de dea by fine, binne fan alle tiden.
Dat meldt de Onderzoeksraad voor Veiligheid (OVV) nei goed 1,5 jier ûndersyk. OVV-foarsitter Jeroen Dijsselbloem neamt it oantal deade bisten "schokkend" en "heel droevig".
De lêste jierren is nettsjinsteande ferskate aksjeplannen it oantal stâlbrannen, wêrby't de bisten gjin kant op koene en dêrtroch geregeld libjend ferbaarnden, sels tanaam. Ek it oantal bisten dat by sa'n brân omkomt, nimt elts jier ta.
"In de politieke besluitvorming over eventuele aanvullende regelgeving hebben de kosten voor veehouders en de veehouderijsector als geheel de doorslag gegeven", seit de ried yn it rapport. Ek maatregels dy't as kânsryk sjoen waarden, binne dêrom net útfierd.

Ministearje einferantwurdlik

De OVV fynt dat de minister derfoar soargje moat dat stâlbrannen 'substansjeel en struktureel ferminderje'. Ek moat der adekwate regeljouwing en tafersjoch komme foar dy substansjele fermindering, seit de ried. It ministearje moat einferantwurdlikens nimme, skriuwt de OVV. "De vrijwillige aanpak heeft niet gewerkt, het moet dwingender en dringender aangepakt worden", seit Dijsselbloem.
Krityske en aksjefierende boeren spylje op de eftergrûn mei as reden wêrom't gjin maatregels naam wurde, seit de ried. "Dit broze draagvlak is een drempel voor het Rijk om aanvullende regels te stellen aan de brandveiligheid."

Bedriuwsrisiko

Oant no ta benaderje de sektor en it ministearje stâlbrannen benammen út in 'bedriuwsekonomysk perspektyf' wei, wêrby't de brannen sjoen wurde as in 'bedriuwsrisiko'. De útjeften om de feiligens te ferbetterjen wurde benammen sjoen as in kostepost dy't 'weromfertsjinne' wurde moat. De OVV fynt dat ien dy't lânboubisten hâldt, ferantwurdlik is foar de sûnens en it wolwêzen, en dus ek foar de feiligens fan de bisten.
De Onderzoeksraad hâldt it kommende jier yn de gaten oft de oanbefellings opfolge wurde.