Spesjaal plysjeteam hâldt meardere minsken oan foar grutskalige himpteelt

24 mrt 2021 - 14:06

De plysje hat yn Fryslân en Noard-Hollân fjouwer minsken oanholden foar grutskalige himpteelt. Op meardere lokaasjes binne wenningen en in loads trochsocht. Dat meldt de plysje.

Foto: ANP

Yn in loads yn de gemeente Waadhoeke waard neffens de plysje 'een vermoedelijk buiten werking zijnde hennepkwekerij' oantroffen. Yn totaal binne der trije auto's en in camper yn beslach naam. Yn totaal binne der fjouwer wenningen en in loads trochsocht. De plysje meldt dat der sprake is fan in grut ûndersyk nei himpteelt.

It ûndersyk is in gearwurking tusken ien fan de spesjale yntervinsjeteams fan de plysje Noard-Nederlân, de plysje fan Fryslân en de Lanlike Ienheid.

'In nije stap yn de oanpak fan drugs'

De fjouwer minsken dy't oanholden binne, binne in man út Amsterdan (59 jier âld), in man út Purmerend (32 jier âld), in man út Landsmeer (30 jier âld) en in man út de gemeente Waadhoeke (38 jier âld). Dat meldt de plysje. By fertochten út in lyts doarp, meldt de plysje faak net de namme fan it doarp, mar allinne fan de gemeente.

Neffens de plysje is der troch it oanhâlden fan dizze fjouwer fertochten in nije stap set yn de oanpak fan drugs en 'ondermijnende criminaliteit'.

De fjouwer mannen wurde derfan fertocht fat se belutsen binne by it produsearjen en ferhanneljen fan ferdôvjende middels.

Trefwurden: 
plysje himp
(Advertinsje)
(Advertinsje)