Fryske húsdokters ha gjin idee wannear't se faksinearje kinne

Fryske húsdokters stean yn de startblokken om te faksinearjen tsjin it coronafirus, mar der mist noch ien ding: de faksins sels. Dêr binne der net genôch fan yn Nederlân en der is noch in soad ûndúdlik oer wannear't de faksins wol levere wurde. Neffens Karin Groeneveld, húsdokter op De Lemmer en foarsitter fan de Landelijke Huisartsen Vereniging (LHV), wachtsje de húsdokters op grien ljocht dat se de faksins bestelle meie. "Dat hebben we nog niet gekregen."
© Omrop Fryslân
Der binne op it stuit net genôch faksins beskikber om alle húsdokters yn Nederlân yn ien kear te befoarriedzjen. Dêrom wurde se elts gebiet ôfsûnderlik tadield. "Ze zijn gestart in Zeeland, Noord-Brabant en Limburg", fertelt Groeneveld. Yntusken wurdt der ek yn it midden fan it lân faksinearre. Groeneveld hat noch gjin idee wannear't de Fryske húsdokters dat griene ljocht wol krije. "Wij zullen binnenkort ook wel aan de beurt zijn. Maar het gaat zoals het gaat."

Soad fragen

Alle húsdokters yn Nederlân binne yntusken wol faksinearre. "En het personeel van de huisarts heeft kortgeleden hun eerste prik gehad via de GGD", ferklearret Groeneveld. Húsdokters kinne de coronaprippen dus feilich sette. "We hebben de griepprik in coronatijd ook gedaan, dus we weten hoe we dat veilig moeten organiseren. Het is nu niet anders dan met het griepvaccin destijds."
Groeneveld merkt wol dat húsdokters de ôfrûne tiid in soad telefoantsjes krije fan minsken dy't har ôffreegje hoe't it sit en wannear't sy krekt oan bar binne. "Mensen willen graag en snel, maar als het er niet is, dan is het er niet."

Measte âlderein faksinearre

Minsken fan 75 en 76 jier âld krije fan woansdei ôf in útnûging om faksinearre te wurden tsjin it coronafirus. Heal april binne 70- oant 74-jierrigen oan bar en ein april minsken fan 65 oant 69. Sy krije it faksin fan Pfizer en BioNTech, meldt it RIVM woansdei.
De faksinaasje fan âlderein soe yntusken hast klear wêze. Yn twa oant trije wiken moat de faksinaasje fan minsken mei medyske risiko's klear wêze.
Ek oare groepen komme no oan bar foar faksinaasje. Sa wurde op it stuit ek soarchferlieners fan minsken mei in persoansbûn budzjet útnûge. Aldere detinearden binne de ôfrûne tiid yninte mei it faksin fan Moderna en ek âldere asylsikers krije de kommende tiid dat faksin.

Frustraasje

Der moatte lykwols noch in soad Nederlanners in prip krije. Yn Italië lizze op it stuit 29 miljoen doses fan it AstraZeneca-faksin klear om eksportearre te wurden nei it Feriene Keninkryk, en dat wylst AstraZeneca yn de EU minder leveret as ôfpraat. "Als je ziet hoe de besmettingscijfers nu oplopen dan frustreert dat wel", seit Groeneveld.
"De ideale omstandigheid zou zijn dat ieder geproduceerd vaccin zo snel mogelijk in een arm verdwijnt. Hoe sneller hoe beter, want dat is de enige manier waarop we uit deze huidige ellendige situatie kunnen komen." Der binne wol berjochten dat der mear faksins oankomme, "maar is dat over een week of over drie weken? Ik weet het niet!"
Húsdokter Karin Groeneveld