Wer tolve jier foar Sietske H. easke

17 nov 2011 - 16:26

Yn heger berop is opnij tolve jier sel easke tsjin Sietske H., de 27-jierrige toskedoktersassistinte fan Nij Beets. Se wurdt derfan fertocht dat se har fjouwer lytse poppen ombrocht hat, fuort nei de befalling, en yn koffers bewarre op 'e souder.

De eask is gelyk oan de straf dy't de rjochtbank Sietske H. maaie dit jier oplei. De fertochte gie dêrtsjin yn berop.

Trefwurden: 
Nij Beets Sietske H.
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)