Sietske H. kin min mei âlden prate

17 nov 2011 - 15:27

Sietske H. kin yn de finzenis net mei har heit en mem prate oer wat bard is. Benammen om't der faak minsken meiharkje yn de gewoane besikersromte. Dat komt nei foaren yn de heger-beropsaak dy't tongersdei tsjinnet by it Gerjochtshôf yn Ljouwert. Se sil dêrom fan takom wike ôf ûnder begelieding yn in aparte romte har âlden treffe. De heit en mem fan Sietske binne tongersdei ek net by de behanneling fan it heger berop, dat woene se net.

De 27-jierrige Sietske H. en har advokaat giene tongersdei yn heger berop tsjin de útspraak fan de rjochtbank, earder dit jier. Dy feroardiele har ta 12 jier selstraf foar it ombringen fan har fjouwer poppen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)