Ferkiezingen: Fries mei measte stimmen komt Keamer net yn

24 mrt 2021 - 14:26

Femke Wiersma hat fan alle Friezen op de list de measte stimmen krigen by de ferkiezingen foar de Twadde Keamer, mar it binne der net genôch foar in sit. Dat blykt no't fan alle kieskringen de stimmen bekend wurden binne.

Foto: Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust

Wiersma (BBB) hat yn totaal mear as 25.000 stimmen krigen. Dat binne der mear as twa kear safolle as de nûmer twa, Habtamu de Hoop (PvdA). Hy krige goed 10.000 stimmen yn hiel Nederlân.

As je allinne nei de Fryske stimmen sjogge, wie de útslach oarsom. De Hoop krige de measte stimmen fan de Friezen, en dêr stie Wiersma op nûmer twa. Dat koene we foarige wike al melde, nei in ynventarisaasje fan alle Fryske stimmen. No kinne we ek sjen nei de stimmen fan bûten Fryslân. As je allinne dêr nei sjogge, docht Aukje de Vries (VVD) it better as De Hoop.

De 25.000 stimmen fan Femke Wiersma binne te min foar in sit yn de Twadde Keamer, omdat har partij yn totaal net genôch stimmen krigen hat foar twa sitten. Wiersma stie op it twadde plak op de list, achter listlûker Caroline van der Plas. Dy hat mear stimmen krigen as Wiersma.

De tekst giet fierder nei de tabel.

Fryske kandidaten

TOTAAL % BÛTEN FRL
1 Femke Wiersma (BBB) 25588 76%
2 Habtamu de Hoop (PvdA) 10092 34%
3 Aukje de Vries (VVD) 9146 52%
4 Harry van der Molen (CDA) 3955 12%
5 Christa Oosterbaan (PvdA) 3061 35%
6 Douwe de Vries (CDA) 2703 5%
7 Romke de Jong (D66) 2280 50%
8 Nynke Koopmans (FVD) 2121 55%
9 Ojanne de Vries-Chang (D66) 1981 65%
10 Maarten Goudzwaard (JA21) 1380 43%
11 Carlijn Niesink (CU) 1183 21%
12 Caroline de Groot (PvdD) 1044 37%
13 Johan Talsma (FVD) 910 15%
14 Marieke Vellinga (D66) 837 38%
15 Max Aardema (PVV) 831 24%
16 Jaap Jonkers (CDA) 753 46%
17 Petra Kramer (BIJ1) 734 90%
18 Harry Bevers (VVD) 547 32%
19 Andries Bouwman (CU) 422 21%
20 Ivo de Wolff (VVD) 395 33%
21 Erwin Jousma (FVD) 375 26%
22 Roelof Theun Hoen (VVD) 310 20%
23 Wietze Brandsma (PP) 285 48%
24 Gerard Timmerman (50PLUS) 212 44%
25 Herman Nota (50PLUS) 209 23%
26 Tom Bakker (SGP) 188 39%

Mear as trijekwart fan de stimmen dy't Femke Wiersma krige, kaam fan bûten Fryslân. Allinne by Petra Kramer (BIJ1) wie dat oandiel noch heger. Se hat yn totaal 734 stimmen krigen. Goed 90 persint dêrfan kaam fan bûten Fryslân.

By Douwe de Vries (CDA) is it krekt oarsom. Hy krige hast allinne mar stimmen yn Fryslân. Mar in lytse fiif persint fan de stimmen dy't hy krige, kaam fan bûten de provinsje. Harry van der Molen (CDA) krige dêrnei relatyf de measte stimmen fanút Fryslân. In lytse 12 persint fan syn stimmen kaam út de rest fan it lân.

(Advertinsje)
(Advertinsje)