Lilke boeren protestearje tsjin greidefûgelplan by Provinsjehûs

In hantsjefol boeren protestearret op it stuit mei trekkers foar it Provinsjehûs yn Ljouwert. Se binne lilk oer in plan fan de provinsje oer de soarchplicht dy't boeren ha foar greidefûgels. Provinsjale Steaten hâlde woansdeitemoarn in spoeddebat oer it plan.
© Anton Kappers
Ferslachjouwer Onno Falkena is op it provinsjehûs
Yn de plannen stiet dat boeren yn in part fan Fryslân it lân earst kontrolearje moatte op fûgelnêsten foar't se derop meie om te meanen, bedongjen of beweidzjen. Provinsjale Steaten beslute pas yn it neijier oer de plannen, mar guon boeren wolle no harren ûntefredenens blike litte. Se fine dat oer har praat wurdt yn stee fan mei har.
Foar it Provinsjehûs stean woansdeitemoarn in pear trekkers en in tal boeren. By it protest binne ek Sieta van Keimpema fan boere-aksjegroep Farmers Defence Force en Harm Wiegersma fan de Nederlandse Melkveehouders Vakbond (NMV) oanwêzich.
Twa wiken lyn fierden tsientallen boeren ek al aksje by it Provinsjehûs tsjin it plan.
It debat is oanfrege troch de PVV, Forum voor Democratie en de ChristenUnie. Sy wolle ûnder oare witte wat deputearre Douwe Hoogland, dy't it plan betocht hat, dwaan sil om de ferhâlding mei de boeren te ferbetterjen.