Man docht falske melding fan brân yn Achmeatoer

24 mrt 2021 - 10:29

De brânwacht fan Ljouwert moast tiisdeitenacht útride foar in brânmelding yn de Achmeatoer. By oankomst die lykwols bliken dat der gjin sprake wie fan fjoer as reek.

Foto: Omrop Fryslân

Efkes letter waard in 42-jierrige Ljouwerter oantroffen op de Tulpenburg. Hy is warskôge foar it dwaan fan in falske melding, en krige in proses-ferbaal foar it negearjen fan de jûnsklok.

Trefwurden: 
Ljouwert Achmeatoer
(Advertinsje)
(Advertinsje)