Wedstriid VC Snits ôfsein nei positive coronatest

24 mrt 2021 - 10:09

De follybalwedstriid fan VC Snits tsjin Apollo 8 giet net troch, fanwege ien of mear coronabesmettingen by in oar follybalteam. De twadde wedstriid dy't woansdeitejûn yn de kampioenspûl spile wurde moast, tusken Sliedrecht Sport en VC Zwolle, is ek ôfsein.

Foto: Orange Pictures

By Sliedrecht Sport binne ien of mear spilers besmet mei it coronafirus. Dy ploech spile snein noch tsjin Apollo 8. Dêrom binne de wedstriden no foar de wissichheid ôfsein.

Twa wiken lyn koe VC Snits ek al in wedstriid net spylje fanwege in coronabesmetting by in tsjinstanner. Dy wedstriid is letter ynhelle.

It is noch net bekend oft de wedstriden no ek ynhelle wurde sille, omdat it no al dúdlik is dat de striid om it kampioenskip giet tusken Sliedrecht Sport en Apollo 8. As de wedstriden net mear spile wurde, bliuwt foar VC Snits allinne noch it bekertoernoai oer. Dat wurdt spile yn it Peaskewykein.

Trefwurden: 
follybal VC Snits
(Advertinsje)
(Advertinsje)