Twivel oer earlikheid Sietske H.

17 nov 2011 - 13:17

It Gerjochtshôf yn Ljouwert twivelet oer de earlikheid fan Sietske H. út Nij Beets. De rjochter fan it hôf freget him ôf oft de 27-jierrige frou in koelbloedige searjemoardner is of dat se nei de berte fan har 4 poppen net mear wist wat se dermei oan moast.

Op ien fan de t-shirts dy't brûkt is foar it ombringen fan in baby stiet: 'Het is allemaal mijn schuld'. Neffens Sietske H. sit dêr gjin symbolyk achter. It shirt is fan har stamkroech yn it doarp. De rjochter fan it hôf yn Ljouwert fynt it bizar. Hy kin him ek net yntinke dat de frou allinnich op in kâlde keamer befalt en dat letter wer barre lit. As de rjochter dat seit knikt Sietske H. begryplik. De rjochter seit dat hy dêr gjin barst oan hat.

Trefwurden: 
Nij Beets Sietske H.
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)