Kollum: "Hollanners"

24 mrt 2021 - 08:42

"As je leauwe dat as je op Baudet stimme, dat dan daliks corona en jûnsklok oer binne, dan binne je wol hiel dom. It Fryske Folk is dochs net dom?

Foto: Omrop Fryslân

De toan fan Eelke Lok

Under oanfiering fan kollega Ferdinand de Jong is D66 oan alle kanten ferspuid yn Fryslân om't se in soad boeren kwyt wolle. Wat barde der: it reinde stimmen foar D66 yn Fryslân. It Fryske folk stiet dochs wol foar syn boeren?

Fryske hûzen kostje gemiddeld twaënheal ton. Stimme je dan daliks VVD?

Sander de Rouwe is de baas fan Fryslân, mar it Fryske folk stimde net mear op it CDA. Yn de grêven fan de kristlike âlders waard skriemd oer it stimmen fan harren bern.

En it byld fan Pieter Jelles Troelstra stie op in leech Aldehoustertsjerkhof ek al te gûlen. Neat oerbleaun.

Wy, de saneamde analytisy, mienden altyd dat it Fryske folk it wichtich fûn om op te kommen foar eigen doarp of streek, foar de eigen taal. Se stimden frjemdernôch op Rânestêdpartijen. Us ûnskuldich nasjonalisme waard Nederlânsk nasjonalisme.

It is dúdlik dat wy absolút net witte wat der yn de hollen fan de Fryske befolking omgiet. Beskamsum foar ús grutte bekken. It soe wêze kinne dat we fanwege de corona te min kontakt hân ha mei minsken, mar ik tink dat it Fryske folk gâns feroare is.

Sjoch, we hienen hjir eartiids Kneppelfreed. De measte yn Fryslân wenjende lju witte no absolút net mear wat dat ynhâlde. We ha it tsjintwurdich oer kletterdei. Dat wol je dochs net leauwe. Je sette hjir en dêr in kraantsje iepen, dan begjinne dy Kulturele Haadstêdfonteintsjes wer te rinnen en dan begjint de maitiid net, mar kletterdei. Huuh.

It is in útfynsel fan Merk Fryslân, betelle troch de provinsje, dus troch ús. Noch in wûnder dat se der in frysk wurd foar útfûn ha tocht ik noch, mar dat sil de media der wol fan makke ha, want Merk Fryslân hat in hiele oare namme opskreaun. Ik hope noch op soks as kletterdag, mar der stiet klaterdag. Klaterdag, huuh.

No hie it Fryske folk, sa tochten wy, al massaal wearze útsprutsen oer de wize wêrop't Merk Fryslân ús provinsje ferkeapje wol oan Sineeske en Amerikaanske toeristen, dy't hjir fanwege de corona dochs net komme meie.

Likegoed praat Merk Fryslân noch altyd net oer fonteinen, mar oer eleven fountains. En dy moatte yn je discoverypakket sitte op de website. Der stiet nota bene by yn de berjochtjouwing oer dy klaterdag dat Merk Fryslân ekstra jild fan jo en my krigen hat om op dy klaterdag op dizze wize de eleven fountains nei de toerist ta te klaterjen.

Analytisy moatte oars tinke. Want it kloppet, wy bin Nederlanners. Mei al dat ingelsk bin we miskien sels wol Hollanners wurden. We ha ús eigen gefoel hielendal ferlern. Dat is net slim, hear, mar sokke âlde jonges as my moatte der rekken mei hâlde as se skriuwe oer saken dy't typysk Frysk binne. Om't datsoarte saken der suver net mear binne.

Doch it dan ek mar rigoereus. Smyt de doarpen mar fuort. Doch dan mar krekt wat ik yn Ruslân seach, in soad doarpen dy't gewoan folslein efterlitten binne en yn elkoar donderje. Dan is der neat mear oer fan sis mar Hesens, Hilaard, Jellum, Hoptille, Blessum, dy hiele hoeke. Goh, der stiet ek al in sjofel oan de tsjerke fan Deinum te skuorren.

We litte in oerstallige heal lege Lelylinetrein troch Fryslân flitse, as in soarte fan statussymboal.

Alle eveneminten yn Nederlân kin wer trochgean, mar we skaffe it skûtsjesilen, de PC en fierljeppen yn Winsum ôf.

Frysk ûnderwiis, dat is in net fol te hâlden hobby fan in pear lju. D66 jout dochs oan, ûnderwiis moat goed, dus daliks Ingelsk op de beukerskoalle.

It Ryk hie al sa'n bytsje oanjûn dat Fryske kultuer net bestiet. De subsydzjes bin der inkeld noch foar Hollânsk- of Ingelsktalich guod.

Dus wurdt It swurd fan Grutte Pier ferraand. En dat stiel wurdt brûkt foar in plakette foar it jier 1498, it jier dat fia hartoch fan Saksen der in ein kaam oan de Fryske frijheid. En de stien fan 1345 by Warns donderje we yn in gasgat yn Grins.

Ik bin o sa bliid dat de Fryske ynstellings no gearwurkje sille yn in kenniscluster. Lang om let. Mar fiersten te let."

Trefwurden: 
De Toan fan Eelke Lok
(Advertinsje)
(Advertinsje)