Gersleat-Polder al hast twa wiken ôfsletten fan de wrâld nei tongerynslach

Guon ynwenners fan Gersleat-Polder binne al hast twa wiken ôfsletten fan de wrâld, nei't it wjerljocht yn de buorskip ynsloech. Provider KPN besiket de steuring te ferhelpen, mar dat is noch net hielendal slagge. "Der is nei in pear oanslutings sjoen", fertelt ynwenner Henk Heida. "It euvel sit net yn de huzen sels, mar yn de kabels ûnder de grûn."
© Pexels.com
"Freedtejûn 12 maart hat it efkes ferskriklik tongere. Hjir fierderop wie der in grut gat ûntstien yn de berm, sa bot wie it ynslein. De kabel wie op meardere plakken ferskroeid." Neffens KPN is de kabel op mear as tsien plakken stikken.

Ofsletten fan de wrâld

Guon ynwenners fan Gersleat-Polder binne dus al hast twa wiken ôfsletten fan de wrâld. "Foar my persoanlik is dat hiel ferfelend", fertelt Heida. "Ik ha in melkfeebedriuw en dat draait foar in grut part op ynternet. Dus gegevens útwikselje kin no net."
Ek minsken dy't fanwegen de coronamaatregels thúswurkje, wurde no twongen om nei kantoar te gean. "Dat is de bedoeling ek net yn dizze tiid", seit Heida. Alderein dy't gjin mobyltsje hat en ôfhinklik is fan in fêste ferbining ûnderfynt der likegoed lêst fan.

Problemen duorje noch in wike

KPN hat yntusken flink opskaald om de problemen te ferhelpen. "Se hawwe in eskalaasjemanager, in djoer wurd, ynsteld. Fan woansdei ôf sille der mear monteurs mei oan de slach. Mar it hat al fiersten te lang duorre, we sitte al hast fjirtjin dagen sûnder ynternet." It duorret nei alle gedachten noch in wike foar't Gersleat-Polder wer ferbining hat.
Henk Heida fan Gersleat-Polder oer de steuring