Gemeente ferfangt fêste brêgewipper Wergea: "Sa gean je net mei minsken om"

24 mrt 2021 - 06:46

Brêgewipper Piet Kloosterman is bot teloarsteld oer de wurkwize fan de gemeente Ljouwert. Hy moat tsjin syn sin yn fan syn fêste brêge yn Wergea ôf. As alternatyf wol de gemeente dat hy twa dagen yn de wike op de Vrouwenpoortsbrêge yn Ljouwert oan de slach giet. "Ik gong derfan út dat ik wer gewoan myn ding dwaan koe hjir, sa't ik elk jier die. Ynienen sizze se dat in oar de brêgewipper wurdt", fertelt Kloosterman.

De Wergeaster brêgewipper Piet Kloosterman - Foto: Omrop Fryslân, Willem de Vries

Kloosterman is al fjouwer simmers de fêste brêgewipper fan Wergea. Yn de winter hat er oar wurk. Doe't hy begjin dit jier net oproppen waard om kommend seizoen wer op de brêge te sitten, naam er kontakt op mei de gemeente Ljouwert. Dy melde him dat it wurk dit jier nei in oar gean soe. It beslút kaam foar Kloosterman as tongerslach by heldere himel. "Sa wie it en net oars. Ik wie ferbjustere en wist net hoe't ik reagearje moast", seit Kloosterman.

Hy wol hielendal net fan syn fertroude brêge yn it doarp ôf. Dêrneist is hy, sa fynt hy sels, de perfekte persoan foar it wurk: it is foar him tichtby hûs en as Wergeaster kin hy de toeristen it paad wize en tips jaan. "Der wapperet hjir in VVV-flagge oan it brêgehokje, dus minsken komme nei my ta om't se derfan útgean dat ik dingen wit. En dat is ek sa: ik bin hjir hikke en tein, ik ken de skiednis, de ûndernimmers."

Oar wurk derneist

Dêrneist giet Kloosterman fan 36 oeren werom nei 16 oeren yn de wike. Dêr kin hy net fan libje, dus hy sil der oar wurk neist sykje moatte. Mar dat is - benammen yn coronatiid - noch net sa maklik. "Dat kin ik wierskynlik net kombinearje, want sitst ek jûns nei acht oere en yn it wykein op de brêge. Dat kin gewoan net."

Kloosterman hat yntusken ferskate petearen hân mei de gemeente. "Dy seit dat se yn har nije belied net te folle 'eigen minsken' op de brêge ha wol." Wat dat betsjut en wêrom't dat krekt is, wit Kloosterman net. "Ik fyn it allinnich mar in mearwearde dat ik minsken wat fertelle kin oer it doarp en de gemeente. Ik begryp net dat hjir aanst in brêgewipper komt dy't dat net wit."

"Sa gean je net mei minsken om"

De gemeente Ljouwert bliuwt by har beslút en seit dat se resint ôfspraken makke hawwe mei Kloosterman dat hy ynset wurdt op de Vrouwenpoortsbrêge. "Ik ha sein dat ik mei alle wille brêgewachter wêze wol op de Vrouwenpoortsbrêge. Ik bin net sa lestich. Mar ik snap dit net", seit Kloosterman. "Ik bin wol in bytsje lilk, want sa gean je net mei minsken om."

It gemeentlik belied rûn de ynset fan brêgewachters komt ynkoarten yn it kolleezje oan 'e oarder. Neffens de gemeente wurdt oan de hân dêrfan in definityf beslút naam oer de besetting fan de gemeentlike brêgen, wêrûnder dy yn Wergea. Dy wurdt fan 1 maaie ôf betsjinne.

Brêgewipper Piet Kloosterman

(Advertinsje)
(Advertinsje)