Nij fers fan de Dichter fan Fryslân: 'Maitiid'

24 mrt 2021 - 07:00

Dichter fan Fryslân Nyk de Vries syn nije (tsiende) gedicht giet oer de maitiid. Yn syn fers 'Maitiid' leit er in relaasje tusken bioferskaat en taalferskaat, oer hoe't it yngripen yn it lânskip gefolgen hat foar beide. Mei Herman Zeilstra makke er der de koarte poëzyfilm 'Hoefolle wurden' by.

Maitiid

Hoefolle wurden ha we noadich
om ús wrâld te beskriuwen?

Hoefolle wrâld ha we noadich
om ús wurden kleur te jaan?

Hoe effen moat it wurde
foar't we hearre wat we misse?

Juster rûn ik troch it stille fjild
en begriep
dat it wol tiid wie

om de died
by it wurd te dwaan

Foto: Omrop Fryslân

It projekt 'Dichter fan Fryslân' is in inisjatyf fan de provinsje Fryslân. It wurdt útfierd troch de Afûk. Mei de beneaming fan de Dichter fan Fryslân wol de provinsje by in breder publyk omtinken freegje foar de keunstfoarm poëzy. Mear ynformaasje oer de Dichter fan Fryslân is te finen op de webside dichterfanfryslan.nl.

Eardere ferfilmingen fan fersen binne 'Begjin' en 'Hoe komt it moarn' en 'Asman'.

(Advertinsje)
(Advertinsje)