Margaretha krige pas nei in jier de goede diagnoaze: tbc

24 mrt 2021 - 16:18

It is woansdei 24 maart Wrâld Tuberkuloaze Dei. De dei is bedoeld om elkenien der bewust fan te meitsjen dat tuberkuloaze - tbc - noch hieltyd foarkomt. Ek yn Nederlân binne alle jierren in pear hûndert gefallen. Ien fan harren is de 27-jierrige Margaretha Bijleveld. Se wurke foar Omrop Fryslân, mar sit al oardel jier siik thús.

Foto: Omrop Fryslân

Margaretha Bijleveld oer de frustraasjes, de sykte en de takomst

Sels kin se it noch altyd hast net foarstelle. "Ast de omskriuwing hearst, dan tinkst: bin ik dat? Dat leaust sels ek net." Mar dochs is it sa. It hat wol hiel lang duorre foardat Margaretha derachter kaam.

Tafallich oan it ljocht kaam

"Ik bin der oardel jier lyn útgong omdat ik myn twadde dochter krige", fertelt se. "Mar nei de befalling waard ik mar net better. Ik foel eins fan ûntstekking yn ûntstekking. Dan tinkst oan allegear oare dingen. Tsien wiken letter rekke ik yn it sikehûs mei in hiel heftige longûntstekking."

Noch hieltyd koenen se net fine wat de oarsaak wie. "Ik ha net it uterlik fan in tbc-fertochte, dêrom ha se dêr ek noait op test. Nei in jier binne se der úteinlik achterkaam. It hold mar oan en ik bleau siik. By tafal ha se dochs mar ris test op tbc. Doe is it dúdlik wurden."

Hiel sterke baktearje

Tbc is in ynfeksjesykte dy't feroarsake wurdt troch de tuberkuloazebaktearje. "Dat is in hiel feninige baktearje dy'tst hiel dreech om lyk krijst. Gewoanwei krijst in kuerke fan sân dagen ast in ynfeksje hast, en dan krijst 'm der meastal wol ûnder. Mar tbc is gewoan in hiel sterke baktearje dy't oeral yn dyn lichem ûntstekkingen feroarsaket. By my ek."

Se wit net wêr't se it oprûn hat. Dat hoecht ek net perfoarst koartlyn te wêzen. Miskien wie it doe't se foar har wurk op aparte plakken wie, miskien op fakânsje, of yn in taksy. "En dan is dy baktearje yn my sitten gong. Dat kin wol dyn hiele libben by dy bliuwe. Yn mar in hiel pear gefallen krijst der lêst fan. Se tinke dat dat by my gebeurd is by myn twadde befalling. De wjerstân is dan wat leger. Doe hat de baktearje taslein."

Moandei hie ik de earste foto dat der ferbettering te sjen wie. Dêr wie ik hiel bliid mei.

Margaretha Bijleveld

Margaretha wurdt no behannele yn it tuberkuloazesintrum yn Haren. Earder wie dat in sanatoarium, in plak dêr't minsken opknapten fan in sykte. "Yn de njoggentjinde iuw wie tbc noch folkssykte nûmer 1. Minsken gongen dan altyd nei sanatoariums om te wachtsjen oant se better wienen. Hast no noch twa fan sokke sanatoariums. Dêr sjogge se foaral hoe't myn longfoto's foarút geane. It waard hieltyd minder of stagnearre heechút. Mar se sjogge no einliks dat it wat opklearret. Moandei hie ik de earste foto dat der ferbettering te sjen wie. Dêr wie ik hiel bliid mei."

Lichem rekket 'op'

Se wurdt behannele mei hiel sterke medisinen. Dat moat ek, want de baktearje wurdt al gau hiel resistint. "Se neame de behanneling ek wol in hiele lange gemokuer fan antibioatika. It duorret hiel lang. Moatst op syn minst in healjier oan dy medisinen sitte." Dat soarget ek foar bywurkingen. Sa mei Margaretha net mear autoride. "Want ik wurd dûzelich. Krijst ek sichtferlies. En myn hier is útfallen. Dat krijst mei stress, spanning en medisinen. Op in gegeven momint is dyn lichem wat op." Foar it hier binne gelokkich wol moaie oplossingen hjoed-de-dei. "Ik bin al lang bliid dat der wer perspektyf is."

Sa'n spesjale dei om de bewustwurding fan tbc grutter te meitsjen is goed, fynt se. "Just omdat tbc sa ûnbekend is. Hjir yn Nederlân werkenne we dat syktebyld eins net mear. Mar it is de wrâld noch net út. We tinke allegear wol dat it wat fan eartiids is, mar neat fan dat."

De âlde wurde

Margaretha sjocht de takomst posityf yn. "Yn Nederlân binne de prognoazes hiel goed. Kinst foar 99 prosint wer opknappe. Der bliuwt in hiel lytse kâns dat it weromkomt, of datst der skea oan oerhâldst. Mar ik hoopje dat it by my wer hielendal goedkomt en dat ik lekker de âlde wurd."

(Advertinsje)
(Advertinsje)