Tal minsken mei rydbewiis nimt ta, ek yn de coronakrisis

24 mrt 2021 - 00:01

It besit fan rydbewizen yn Fryslân is yn it ôfrûne jier mei 0,3 persint omheech gien. Dat is folle minder as yn eardere jierren en dat hat te krijen mei corona, sa docht bliken út in ynventarisaasje fan it Centraal Bureau voor de Statistiek.

Mei de lockdown ferline jier koene folle minder jongelju ôfride en harren eksamen helje. Hoewol't dat yn de moannen dêrnei wol wat ynhelle waard, kamen der dochs hast in kwart minder jonge rydbewiisbesitters by as oars.

75-plussers

Oan de oare kant hoegden, ek fanwege corona, de net mear jildige rydbewizen net aktyf ferlinge te wurden. Gewoanwei freegje in soad 75-plussers gjin nij rydbewiis mear oan en nimt it oantal rydbewizen dêrtroch ôf. Ofrûne jier waard de jildigens fan rydbewizen lykwols automatysk ferlinge, dêrtroch naam it minder ôf.

Stêd en plattelân

Op Flylân wenje de minste rydbewiisbesitters. Fan alle 17-plussers op it eilân hat 71 persint op dit stuit in rydbewiis. Nei Flylân folgje Skiermûntseach en de stedske gemeenten Harns en Ljouwert. De gemeente Opsterlân hat de measte rydbewiisbesitters. Hast 86 persint fan de ynwenners fan 17 jier en âlder hat in rôze paske.

Ek yn it oare part fan it lân is goed te sjen dat der yn stêden minder minsken in rydbewiis hawwe. Yn de gemeenten Amsterdam, Den Haag en Rotterdam hat mar 63 oant 65 persint fan de minsken in rydbewiis.

Trefwurden: 
CBS rydbewiis
(Advertinsje)
(Advertinsje)