KNKB: start keatsseizoen ûnûntkomber letter troch corona

23 mrt 2021 - 22:25

Yn de regel begjint it keatsseizoen op Keningsdei mei in earste klaspartij yn Holwert, mei rap dêrnei de ôfdielingspartij yn Weidum. Mar dat sil it Koninklijke Nederlandse Kaatsbond (KNKB) dit jier net helje. "It is hiel soer, mar it stiet der op dit stuit sa foar mei it coronafirus. Dêr hawwe wy ús mar nei te skikken", seit direkteur Marco Hoekstra.

It keatsbûn KNKB (Koninklijke Nederlandse Kaatsbond) - Foto: KNKB | Wikimedia Commons

Troch de coronakrisis foel in grut part fan it keatsseizoen 2020 al yn it wetter. De Freule gie dan noch wol troch, mar mei folle minder taskôgers as oars. De PC yn Frjentsjer gie sels hielendal net troch. "Wy sille sjen wanneart't wy wer wat oppakke kinne, as dat kin dan binne wy dat wer fan doel", seit direkteur Hoekstra.

'Pas op de plaats'

It útstel neamt hy realistysk. "As je sjogge wat de útspraken fan it kabinet binne, kin ik inkeld konkludearje dat wy de realiteit ûnder eagen sjen moatte en dat wy foarearst de wedstriidsport net opstarte kinne. Sy prate no oer maatregels oant 20 april en op 13 april folget wer in parsekonferinsje. Der kinne ferrommingen komme as de besmettingssifers ferbetterje, mar dêr liket it op dit stuit ek net op. Dus ik tink dat wy efkes in 'pas op de plaats' meitsje moatte."

Ynsette op ferieningen

Hoekstra seit dat it KNKB him benammen dwaande hâlde sil mei aktiviteiten binnen de eigen ferieningen. "Dat mei no ek: bûten mei eltsenien oant 26 jier sporte, ek yn teamferbân. Dus dêr moatte wy earst op ynsette. Wedstriden binne foar harren ek tastien. It kompetysjekeatsen soe dêrmei yn dy leeftiidskategory wol kinne, mar de wedstriidsport net. En foar boppe de 27 jier hawwe wy te krijen mei maksimaal fjouwer persoanen, dus dat is noch hiel beheind."

Mei de hakken oer de sleat

Dochs hopet hy wol dat der yn de rin fan de simmer wer wat mooglik wurdt. Want it keatsen is foar it KNKB ek in boarne fan ynkomsten. "Wy hawwe it 't ôfrûne jier krekt sa'n bytsje rêde kinnen, mei de hakken oer de sleat. As wy wer sa'n seizoen yn 'e mjitte geane, wurdt it hieltyd dreger. Mar dat jildt fansels foar de ferieningen ek."

Marco Hoekstra fan it Koninklijke Nederlandse Kaatsbond

Trefwurden: 
keatsen KNKB coronafirus
(Advertinsje)
(Advertinsje)