Wat bringt dit coronajier noch foar campings, hoareka en tsjerken?

23 mrt 2021 - 21:34

Dêr't de tsjerken yn de provinsje de doarren noch ticht hâlde, riede campings en fakânsjeparken harren ta op de maaiefakânsje. Friezen kieze net foar it bûtenlân fanwege de coronasituaasje. Foar it toerisme in útkomst, mar der libje wol soargen binnen de hoarekasektor. Want in soad personiel is ûntslein. En hoe moat dat aanst as de hoarekasaken wol wer in kear iepen meie?

Maitiidsdrokte op de campings

No't it kabinet bekend makke hat dat je yn de maaiefakansje net nei it bûtenlân meie, wurdt der in soad boekt by campings en fakânsjeparken. Sa ek by camping 't Hout yn Bakkefean, seit meiwurkster Elize Roffel: "Minsken wolle noch massaal boeke foar de maaiefakânsje, Himelfeart en Pinkster. Wy haww noch in pear wykeinen frij yn de simmerfakânsje, dêrnei sit it dochs echt fol. Wy binne wol ôfhinklik fan ús Veiligheidsregio en it kabinet, mar foar no is ús seizoen slagge."

Elize Roffel fan camping 't Hout

It fakbûn FNV hat noed oer it tal wurknimmers dat wer beskikber is as de hoareka straks wol wer iepen mei. Edwin Vlek fan it FNV seit dat sa'n ien op de fiif wurknimmers de sektor ferlitten hat. "Het gaat om zo'n 90.00 mensen. Die hebben we straks keihard nodig, dus daar zijn we wel bezorgd over. Deze mensen zijn voornamelijk overgestapt naar de zorg, distributiecentra en supermarkten. Maar deze mensen zijn niet zomaar terug te halen, omdat ze op zoek zijn gegaan naar zekerheid."

Omset draaie

It kin derfoar soargje dat ûndernimmers straks net net omset draaie kinne dy't nedich is om wer buffers op te bouwen en oan efterstallige betellingen te foldwaan. "En je kunt ook niet zomaar nieuwe mensen klaarstomen. Er zijn minder mensen, maar minder bedrijven zijn er niet."

Edwin Vlek fan it FNV

It Interkerkelijk Contact in Overheidszaken hat moandei in rûtekaart publisearre foar tsjerken: in hânleiding foar hoe't tsjerken harren yn hokker fase fan de krisis gedrage moatte en wat wol en net kin. Op dit stuit sitte wy yn de faze 'zeer ernstig' en dêrom mei de maksimaal 30 minsken by inoar komme, wurdt de tsjinst online útstjoerd en mei der troch maksimaal 4 minsken foarsong wurde.

Yn Fryslân measte tsjerken ticht

Neffens klassisdûmny Wim Beekman wiene protestantske tsjerken yn Frysân yn de regel wat stranger op de coronaregels as katolike tsjerken. "Het valt mij als classisdominee in Fryslân ook op dat de meeste kerkelijke gemeenten de deuren nog dicht houden. Ik denk wel 80-90 procent. Men wacht de tijd af dat het weer verantwoord is. En de gemeenten vinden het openen en het vervolgens weer moeten sluiten van de kerk heel vermoeiend."

Dêrom kin de rûtekaart wol in útkomst wêze. "Deze routekaart geeft stapje voor stapje aan hoe we uit deze ernstige situatie kunnen komen. We hopen dus in de toekomst op versoepelingen, dat er zoveel vaccinaties zijn gezet dat we weer met mensen in de kerk kunnen komen."

Klassisdûmny Wim Beekman

(Advertinsje)
(Advertinsje)