250.000 euro foar ûndersyk nei buorkje op sâlte grûn Lauwersmargebiet

23 mrt 2021 - 21:27

Der giet 250.000 euro fan de provinsje nei ûndersyk nei buorkje op sâlte grûn yn it projekt Swiet op Sâlt yn it Lauwersmargebiet. Dêrmei wurdt ûndersocht op hokker wize boeren yn de noardlike klaaiskyl de bedriuwsfiering op peil hâlde kinne, rekkening hâldend mei fersilting.

Foto: Shutterstock.com (Travel Telly)

Troch de seespegelstiging en it tanimmen fan sâlte kwel yn de ûndergrûn nimt it sâltgehalte hieltyd mear ta. It resultaat fan Swiet op Sâlt moat wêze dat de lânbou by de Waadkust del bettere techniken en feardichheden yn hannen krijt. It projekt start dit jier en sil sa'n trije jier duorje.

Swiet op Sâlt kostet yn totaal 3,6 miljoen. Yn it projekt wurkje ûnder mear lânbou-organisaasjes en wetterskippen gear en it wurdt stipe troch de Waadprovinsjes.

(Advertinsje)
(Advertinsje)