Kazemattenmuseum ûntdekt skuttersputten en knapt âlde rinfuorge op

23 mrt 2021 - 21:08

It Kazemattenmuseum yn Koarnwertersân hat in rinfuorge en twa Dútske skuttersputten ûntsutsen op it terrein. It museum is al in skoft dwaande mei it werynrjochtsjen fan de kazematten. No wie it terrein oan bar: dat wurdt safolle as mooglik werombrocht yn de stastân fan de ein fan de jierren 30. Dêr moast foar snoeid en groeven wurde, dêrtroch binne de rinfuorge en skuttersputten fûn.

Foto: Kazemattenmuseum

Mei help fan in Ingelske foto út 1945 is de rinfuorge wersteld. "Daarmee is weer een authentiek element aan het museum toegevoegd," skriuwt it Kazemattenmuseum. Yn de grûn waarden fierder noch twa hulskes fan in Mauser-gewear oantroffen.

De beskilderingen fan de kazematten binne net mear oanwêzich. It is in grutte winsk fan it museum om dy werom te bringen, mar dêr is op dit stuit it jild net foar.

Foto: Kazemattenmuseum
(Advertinsje)
(Advertinsje)