Ljouwerter studintes hâlde online kolleezje noch wol even fol, mar misse foaral gesellichheid

23 mrt 2021 - 21:05

Saneamde 'tagongstesten' en sneltesten moatte it mooglik meitsje om it heger ûnderwiis earder te iepenjen. Dat seit demisjonêr coronaminister Hugo de Jonge. As ûnderwiisynstellingen dat organisearje kinne én de besmettingssifers it tasteane, dan meie se fan 26 april ôf ien dei yn 'e wike fysyk lesjaan oan studinten.

Studinten misse gesellichheid en frijheid

Dochs misse de studinten dy't yn Ljouwert op keamers wenje foaral de gesellichheid. "Ik zit nu in m'n derde jaar", seit Renske Aalders. "Normaal kon je lekker uitgaan, maar nu niet meer. En dan zie je soms filmpjes van een paar jaar geleden, dat we met z'n allen in de Oude Stoep stonden. Dat mis je wel. En dat je geen vrienden meer ziet. Dat mis ik het meest, met z'n allen biertjes doen. De gezelligheid en de vrijheid."

Alle dagen nei de kroech?

As it wer kin, dan wolle Renske en har hûsgenoaten hiel graach de kroech wer ris yn. Alle dagen? "Ik denk dat je dat twee weken volhoudt. Maar ik heb wel echt zin om weer een feestje te vieren. We zijn ook nog nooit met ons hele huis uit geweest. Daar kan ik niet op wachten."

En de oplieding sels? Dy rint gewoan troch, al in jier lang, sawat folslein online. "Dat is wel lastig. Je moet echt in je eigen kamertje zitten, anders heb je last van de rest. En we hebben een paar huisgenoten die in hun eerste jaar zitten. Zij kennen school minder goed, dat is lastig."

Noch even folhâlde

Dat it noch even wachtsjen is op ferrommingen, dat hie Susan Steegmans wol ferwachte. "We moeten het beste ervan maken. Gelukkig hebben we elkaar." Noch even folhâlde slagget wol. "We doen het al een jaar zo, dus deze vijf weken lukken ook nog wel."

(Advertinsje)
(Advertinsje)