VVV Ljouwert hâldt op: kolleezje komt mei útklaaid Visitor Center yn de stêd

23 mrt 2021 - 22:00

It kolleezje fan Ljouwert wol fan april ôf úteinsette mei in 'Visitor Center' yn it winkelsintrum fan Ljouwert. It moat it VVV ûnder de Achmeatoer ferfange. Nettsjinsteande subsydzje fan de gemeente hie VVV Stadsregio Leeuwarden gjin takomstperspektyf. Dêrom komt it kolleezje no mei in útklaaide fariant yn it sintrum fan de stêd, dy't toeristyske tsjinstferliening, aktiviteiten en marketing oppakt.

De Prins Hendrikbrêge yn Ljouwert - Foto: Omrop Fryslân, Sian Wierda

De gemeente stuts alle jierren 30.000 euro yn de VVV, mar yn 2021 is dy subsydzje net mear beskikber. "Elders blijken zelfstandige informatiepunten goed te functioneren zonder VVV-logo en VVV-licentie en de meerwaarde daarvan lijkt in relatie tot de kosten dan ook beperkt," skriuwt it kolleezje. Dêrom sette sy sels wat op.

De gemeente nimt it personiel fan de âlde VVV net oer, mar der is yntusken wol oerienstimming mei de wurknimmers oer it ûntbinen fan harren kontrakten.

Toerisme en aktiviteiten

It nije Visitor Center wurdt part fan de gemeentlike organisaasje. De organisaasje pakt ek de marketing foar de gemeente op ûnder de flagge VISIT Leeuwarden. It sintrum moat him benammen dwaande hâlde mei it jaan fan toeristyske ynformaasje en it opsetten fan aktiviteiten. It giet om tsjinstferliening, in winkelfunksje sil it Visitor Center net hawwe. De bedoeling is wol dat minsken der folders en tickets krije kinne foar byglyks it Fries Museum, De Harmonie of festivals.

Wêr komt it Visitor Center?

Foar de eksploitaatsje fan it Visitor Center is 70.000 euro beskikber. Der sille net in soad minsken oan it wurk, it kolleezje rekkenet ek op de ynset fan frijwilligers en studinten. De gemeente wol it Visitor Center yn it sintrum fan Ljouwert, by in parkeargaraazje. "We zijn inmiddels in een afrondende fase van gesprekken over een pand dat onze voorkeur heeft," skriuwt it kolleezje. Healwei maaie moat it toeristyske sintrum iepenje. Oant dy tiid wurdt der mooglik in mobile unit brûkt.

(Advertinsje)
(Advertinsje)