Titel foar Cambuur ein april soe Buma net goed útkomme

23 mrt 2021 - 21:44

Sportklup Cambuur leit prima op koers foar it kampioenskip yn de earste difyzje. Mar as de Ljouwerters ein april de titel pakke, soe dat coronatechnysk hiel min útkomme. Dat seit Sybrand Buma, foarsitter fan de Veiligheidsregio Fryslân. "Dat is precies het moment dat we de hoogste piek op de bezetting van de intensive cares verwachten."

Sybrand Buma oer SC Cambuur

Buma wol noch net te folle foarút rinne op in eventuele titel en kampioensfeest foar Cambuur. "Maandag deden ze het goed, dus het komt wel iedere week dichterbij. We zijn in overleg, maar we kijken ook naar andere steden. Bijvoorbeeld Amsterdam met Ajax." Mar ein april soe dus net goed útkomme, fanwege de hege besetting fan de intensive care-bêden op dat stuit. "We willen niet een feestje en tegelijkertijd de bedden weer vol."

De boargemaster wiist ek op Glasgow, dêr't Rangers FC de lânstitel wûn en tûzenen supporters feest fierden. "Daar zijn de besmettingscijfers ongelofelijk opgelopen. Het gaat erom wat verantwoord is. Het belangrijkste is volgend jaar eredivisie."

Minister Hugo de Jonge hold nei de corona-parsekonferinsje fan moandeitejûn de opsje wol iepen dat der publyk by de finale om de KNVB-beker wêze mei. Ajax en Vitesse steane op 18 april tsjinoerinoar oer yn De Kuip. "Ik wil daar niet op vooruitlopen, maar het zou kunnen", sei De Jonge.

Jûnsklok hat net in soad draachflak

Neffens Buma is it goed dat de jûnsklok oanpast is. "Als het lang licht is, blijven mensen langer buiten. Dan wordt het nauwelijks mogelijk om dat goed te handhaven." It bliuwt soer neffens de boargemaster. "Het vreemde van de avondklok is dat het relatief weinig draagvlak heeft. Maar iedereen houdt zich er wel aan. Het is bijna niet meer te doen voor ons. Daardoor lopen de cijfers op."

Dat is in hiel grut risiko, seit Buma. "Zelfs met deze maatregelen kunnen er eind april 1.500 intensive care-bedden vol liggen. Dat is een ontzettend risico, dat kunnen we ons niet permitteren."

Alle wiken wer demonstraasjes

Buma hat ek noed oer de finansjele skea. "Al die miljarden moeten we ooit weer afbetalen. Het verschil is wel dat we elkaar dan weer kunnen zien. Maar er komen nog grote vraagstukken op ons af." Neffens Buma hat Fryslân yn 2020 noch wol in relatyf goeie simmer draaid. "Als er komende zomer ook weer veel mensen naar Fryslân komen, moeten we hopen dat we de schade weer in kunnen halen."

De foarsitter fan de Veiligheidsregio sjocht ek ûntefredenens. "We hebben bijna iedere week demonstraties in Leeuwarden. Dat zijn grondrechten, zeker. Maar je weet niet precies hoe het gaat, dus iedere zondag staan we weer klaar." It is al mei al net maklik, seit hy. "Dat geldt voor de hele samenleving."

It folsleine petear mei Sybrand Buma en hoareka-ûndernimmer Baukje de Vries

"Het piept en kraakt"

"Iedereen zit op z'n reserves," sjocht Buma yn. "Steeds denk je dit moet de laatste maand zijn dat men het red. En dan komt men toch wonderwel de maand weer door. Maar het piept en het kraakt." Buma seit ek mei klam dat sektoaren ek ferskate kanten hawwe. Mei campings kin it bygelyks goed gean. "Maar groepsaccommodaties hebben het heel zwaar. Dus ook binnen een sector zijn er verschillen."

Dochs binne der wol dingen dy't oerheden oppakke kinne. "Vorig jaar hebben we gezamenlijk de bruggen langer open gehouden. Dat kan dit jaar ook weer: kijken of we het vaarseizoen iets kunnen verlengen. Daar kunnen provincie en gemeenten op inspelen."

(Advertinsje)
(Advertinsje)