Rutte: coronamaatregels bliuwe jilden oant 20 april

23 mrt 2021 - 19:09

Der komme earst gjin ferrommingen fan de coronamaatregels. Dat seit premier Mark Rutte. Flak foar de ferkiezingen sei er noch te hoopjen dat er tsjin dizze tiid goed nijs bringe koe, as it de goede kant opgean soe mei it tal besmettingen, de sikehûsopnamen en it saneamde R-getal. Mar dat is net it gefal. Dêrom ferlinget it kabinet de maatregels oant tiisdei 20 april.

Foto: ANP

Der is ien útsûndering. De jûnsklok giet fan woansdei 31 maart ôf net yn om njoggen oere, mar om tsien oere jûns. Dat wie it driuwende advys fan de boargemasters yn it Veiligheidsberaad en fan de plysje. It hat dermei te krijen dat de simmertiid kommend wykein yngiet en it jûns dus langer ljocht is.

Foardat de jûnsklok yngong, sei Rutte yn in Keamerdebat noch dat de jûnsklok tusken 20.00 en 21.00 oere yngean moast om effektyf te wêzen. "Na negen uur neemt het enorm af in effectiviteit", sei er doe. Mar Rutte tinkt no dat de jûnsklok ek effektyf wêze kin as dy om 22.00 oere yngiet. Boppedat is it neffens him better te hanthavenjen.

Gjin ferbettering de ôfrûne wiken

Njonken de jûnsklok fynt Rutte dus dat der gjin ferrommingen komme kinne. "We hoopten dat we voor Pasen een paar kleine versoepelingen door konden voeren, onder bepaalde voorwaarden", seit er. "Terrassen beperkt open, meer ruimte voor winkels en een gedeeltelijke heropening van het hoger onderwijs. Maar alleen als het R-getal onder de 1 zou blijven. En als de cijfers in de ziekenhuizen stabiel zouden blijven. Nu moeten we vaststellen dat het niet het geval is. In tegendeel: de besmettingscijfers zijn omhoog gegaan, in de ziekenhuizen liggen meer coronapatiënten en het R-getal zit duidelijk boven de 1."

"Ik begrijp, dit valt tegen", seit Rutte. "Er is ongeduld en maatschappelijke onrust. Maar ik zie ook de inspanningen van burgemeesters om de rust te bewaren. We moeten dit samen blijven doen. Het is een verantwoordelijkheid van ons allemaal. Als de cijfers over enige tijd toch weer meevallen, zullen we niet weifelen om onze eerder toegezegde versoepelingen weer naar voren te halen."

"Nederland is geen eiland"

Demisjonêr premier Rutte wiist ek mei klam op it ynternasjonale perspektyf: "Nederland blijkt deze dagen geen eiland te zijn. De ontwikkeling rond een derde golf lijkt op wat we in onze buurlanden zien. Parijs is bijvoorbeeld weer in een strenge lockdown gegaan. In Duitsland is de lockdown weer verlengd, terwijl de besmettingscijfers er beduidend lager liggen dan bij ons. We moeten ons blijven beseffen dat dit niet alleen Nederland treft."

Reisadvys en maaiefakânsje

It reisadvys dat jildich wie, bliuwt jilden oant 15 maaie. Dat hat ek gefolgen foar de maaiefakânsje. Rutte: "Het dringende advies voor de meivakantie is dus: blijf in Nederland. Ga niet op reis naar het buitenland." Foar de simmerfakânsje kin it kabinet noch gjin advys jaan, mar neffens Rutte komt dat sa gau as mooglik.

Foto: ANP

Neffens minister Hugo de Jonge is ôfrûne wike de 2 miljoenste faksinaasje dien. Hoe rap as de faksinaasje trochset, hinget ôf fan de levering en de reewiligens fan minsken, sa seit hy.

It faksinaasjeplan fan De Jonge

De Jonge fertelde wat it plan is foar de kommende tiid: "Half april hebben we 4 miljoen prikken gezet. De mensen met een hoog medisch risico en de 80-plussers hebben dan een eerste prik gehad. Begin mei zitten we op 5 miljoen prikken, de mensen ouder dan 70 hebben een eerste vaccin gehad. Half mei volgen de 60-plussers. Begin juni zijn er dan 11 miljoen prikken gezet en halverwege juni zijn ook de 50-, 40- en 30-plussers aan de beurt. De twintigers volgen dan eind jun-begin juli."

(Advertinsje)
(Advertinsje)