Opperfreon fan Omrop Fryslân Andrys de Blaauw (78) ferstoarn

23 mrt 2021 - 18:31

As opperfreon fan de Omrop fierde hy aksje foar in selsstannige omrop. Mei in breidene pompeblêdetrui oan wie er de man dy't as foarsitter fan de feriening Freonen fan Omrop Fryslân altyd grutsk opkaam foar syn stjoerder en foar de Fryske taal en kultuer. Sneintenacht is âld-foarsitter Andrys de Blaauw fan de Freonen ferstoarn nei in koarte sykte op 78-jierrige leeftiid.

Foto: Gea Bouma-van der Zee

Jitske de Hoop fan Omrop Fryslân hat in soad mei Andrys te krijen hân. "Andrys wie in ynnimmend man, mar ek striidber. As er earne foar stiet, dan giet er ek troch. Dat hat er ek sjen litten by Omrop Fryslân. Mar ek in noflike man. In gewoane man mei in striidber hert."

Andrys de Blaauw wie ek in gutte Omropfan, fertelt De Hoop. "Koest syn auto der altyd út, want dy wie beplakt mei Omropstikkers. ek fan de Freonen fan Omrop Fryslân. Hy wie in Fries mei in grut hert foar de Omrop."

De Freonen

Yn 2012 waard De Blaauw foarsitter fan de Freonen fan Omrop Fryslân. Dy waard yn 1979 oprochte troch minsken dy't fûnen dat der in Fryske omrop komme moast. Yn de tiid om 2012 hinne wie der sprake fan dat de omrop opgean moatte soe yn in noardlike omrop. Yn 2013 wie der in petysje fan de Ried fan de Fryske Beweging dêr't de freonen ek oan meidiene. Twa jier letter wiene de grutte akjes en mediadebatten. Andrys gie dan mei oare Freonen yn in buske nei Den Haag. Yn syn pompeblêdtrui siet er op de publike tribune fan de Twadde Keamer.

Jitske de Hoop fan Omrop Fryslân fertelt oer Andrys de Blaauw

Foto: Omrop Fryslân
(Advertinsje)
(Advertinsje)