Dairy Campus by Goutum wol mei biodivers hiem foarbyld wêze foar boeren

23 mrt 2021 - 17:34

Hoe krijst safolle mooglik fûgels, ynsekten en lytse amfibyen op it hiem? Dairy Campus yn Ljouwert hat him dêr tegearre mei Lânskipsbehear Fryslân de Dairy oer bûgd. Der wurdt no folop wurke om de biodiversiteit by de campus te ferbetterjen. It hiem fan it kennissintrum en ûndersyksynstitút wurdt troch beplanting omfoarme ta in plak mei mear bioferskaat.

Gerrit Tuinstra (Landschapsbeheer Friesland) en Frank Jorna (Dairy Campus) - Foto: Omrop Fryslân, Willem de Vries

Frank Jorna fan de Dairy Campus: "Fan it maitid binne wy begûn mei it oars ynrjochtsjen fan it hiem. it nije boerehiem moat mear bioferskaat jaan, ek mei it each op in sûne en duorsume molkeproduksje."

It hiem is wat keal. "Wy woene der wat mei dwaan. Dan kinne jo wol Wageningen belje, mar dan krije jo bosk. Dêrom hawwe wy Lânskipsbehear Fryslân om advys frege."

De campus leit yn it âlde Middelseegebiet by Ljouwert. Dat is in poldergebiet en dêr heart in iepen lânskip by, neffens Gerrit Tuinstra fan lânskipsbehear. De biodiversiteit moat komme fan oanplante fruit- en nutebeammen, elzesingels, hagebûken en meidoarnhagen.

Gjin siertúntsjes

Ien tredde fan it fernijde hiem is no klear. De nije ynrjochting moat in foarbyld wêze foar hoe't boeren sels ek sûnder al te folle kosten harren hiem sa oanpasse kinne dat der mear bioferskaat is. "It kin simpel en it moat ek simpel. Gjin siertúntjes", seit Gerrit Tuinstra fan Lânskipbehear Fryslân.

Ferslachjouwer Willem de Vries

Frank Jorna en Gerrit Tuinstra

(Advertinsje)
(Advertinsje)