Friese Darts Bond keart him tsjin matchfixing: "Wy wolle in earlike sport"

23 mrt 2021 - 17:26

It Iepenbier Ministearje docht ûndersyk nei 'matchfixing' yn de dartwrâld: it omkeapjen fan spilers om wedstriden te beynfloedzjen. Neffens de NOS soene sawiesa seis Nederlânske darters fia sosjale media benei kaam wêze troch gokkers. It is foarsitter Tseard Douma fan it Friese Darts Bond net bekend oft soks ek by Fryske spilers bart. "Dat is it earlike antwurd. Yn de Fryske dartkompetysje tink ik net, dat is foar gokkers net nijsgjirrich. Mar as spilers in wrâld- of Eurpeesk nivo helje, dan wol."

Foto: ANP

Dochs sjocht Douma fan it bûn wol dat it bart yn de dartwâld. "It is de lêste jierren eksplodearre. Mar gokke op sport hat der altyd al west. Gokkers betinke altyd wol wer nije dingen om jild te fertsjinjen. Je kinne bygelyks al fan de earste pylk foarspelle wêr't in pylk falle sil, of hokker triple de spiler it earste reitsje sil. Je hawwe altyd minsken dy't der sinten mei fertsjinje en tinke: as ik ynfloed útoefenje kin op in darter, dan is dat finansjeel geunstich."

Noppert net oerkaam

De Fryske darter Danny Noppert fan De Jouwer jout oan dat hy noch nea benei kaam is troch matchfixers, foar safier dat bekend is. Sûnt 2018 spilet Noppert op heech nivo toernoaien by de PDC (Professional Darts Corporation).

"Wy binne foar in earlike sport"

It Friese Darts Bond keart him bot tsjin matchfixing. "Wy sizze altyd tsjin ús spilers: jimme moatte it mei in tsjinstanner gewoan earlik útspylje. Wy binne foar in earlike sport." It bûn docht dêr ek fan alles oan. "Wy dogge oan foarljochting, yn 'e mande mei noch 24 bûnen yn Nederlân. Wy foarmje de Nederlandse Dartbond. Yn 2017 is der in programma start: NDB Fair Play. Dêr wurdt oer matchfixing sprutsen, sa't wy der op taret binne dat soks bart."

"It giet net om fiif euro"

Foarljochting dus, seit Douma: "Wy sizze: jonges, gean der net mei yn en hâld de sport skjin. De minsken dy't nei it PDC-kampioenskip geane, al fan de pro tour ôf, krije in edukaasjeprogramma oer wat der barre kin. Prate is it iennige wat wy dwaan kinne. Mar je witte net wat ien docht yn finansjele noed. It giet net om fiif euro, oars dogge je it net. Ik tink persoanlik dat it net folslein út te bannen is."

Foarsitter Tseard Douma fan it Friese Darts Bond

(Advertinsje)
(Advertinsje)